Ik wit it net

troch Posted on 2 Comments 1 min read 120 views

Mem, is it wier?“, freget myn soan. “Wat is wier?” Hoe faak wurde jo frege: “Is it ek wier?” Ik ha al es heard dat ferslachjowers noait sizze meie: “Ik wit it net…”  Ek menisters moatte dat omsile.

Doe`t  ùs bern lyts wiene moasten jo altiid in andwurd jaan. As jo it andwurd wisten as nèt. Sei men. As Sinterklaaskado krige ik fan myn skoanfemylje twa boeken oer opfiedkunde. Sy sille wol tocht ha, dat kin noait kwea. Twa prachtiche boeken fan Dr Spock mei in tapaslik gedicht. Ik ha ien boek trochwraksele mar doe tocht ik: “Hoe wit dy Amerikaan nò wa ik bin en wa myn bern binne? Alle bern binne dochs nèt itselde?” Hy kin ùs net iens mar jong en ûnnoazel dat ik wie tocht ik: “Hy hat er foar studearre, hy sil it wol witte.

Jierren letter bekende dizze wrâld ferneamde psycholooch dat hy it mis hie mei al syn ‘pedagogische’ boeken. Ik bliid fansels dat ik syn advys net opfolge hie.

Mem?“, freget myn soan.
Bestiet God?
“Ik wit it nèt, jonge, mar ik hoop fan wol….

  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  

Jou in reaksje:

  Abonnearje  
Nijste Âldste
Notify of
Soan D.
Guest
Soan D.

En it is dochs noch goed kaam. Tige tank derfoar.

memmeminske
Guest

As it mar mei leafde en ferstân giet dan komt min al in hiel ein…

Previous
Mei oare eagen

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien