Respekt

Hawwe jimme bern noch respekt foar jimme?” frege hja.

Wy sitte tegearre kofje te drinken.We kinne mekoar al jierren en sa komt it petear as fansels op de bern. Har dochters binne like âld  as  ùs soanen. Op har fraach oer respekt moat ik oer nei tinke. It is in direkte fraach en dat freget om in direkt antwurd. Wat moat ik der opsizze? Ik fyn fan wol, mar it is in oar respekt dan ik hie foar myn âlden. Eartiids hearde it gewoan sa. It hearde by it grutbringen. Mar it wie ek faaks in ferplichting, as jo it earne mei iens wiene as net. Hja hiene altiid it gelyk oan hun kant.

Mar lokkich binne de tiden feroare. Respekt moat jo fertsjinne  it komt net fansels. Eltsenien yn syn wearde litte, dan komt min al in hiel ein hinne. En de âlders kinne noch in hiel soart fan hun bern leare mar ek oarsom, hat respekt bygelyks ek mei leafde te krijen ?

It is in lange kofjedrinkerij wurden dochs ha wy in goed petear hân…

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien