Indy

Mem, Indy is ek dea…“, seit myn soan.

Ik hear wol; hy is oandien. Ik lis al op bed en krij noch let in telefoantsje. Yndy is in rûchhierriche Jack Russell. Sechtsjen jier allyn ha sy him tegearre ophelle ùt Ljouwert. It hûntsje wie fan in eartyds Veronicaskip-eigener. De man hie in stik as wat Dobermanns en it lytse biske koe der net tsjin op en rûn hieltyd foart. Sa is hy by hun kaam en noait wer foart rûn.

De relaasje rekke ùt mar Indy bleaun. Kontakt hawwe altyd hâlden. Eartiids hiene wy Jelle, in Welsh Springer. Dat waarden dikke maten. Jelle stoar oan in hertkwaal en is mar fjouwer jier wurden. Mar Yndy is âld wurden en hat in prachtich libben hân. Hy hat folle mear foar har west as in hûn. Hy wie har bern mar ek har maat. Hy dielde yn har fertriet mar ek yn har gelok. Nei sechtstjin jier fan freonskip sil it wennen wèze sûnder dit bysûndere bist Indy.

Wy libje mei. Wy witte ommers wat it is in famyljelid te ferlizen in hûn heart dèr dochs ek by …   

(En sliepe.. wat is dat?)

One Comment on “Indy

  1. Tige oandwaanlik. It wie ek een bytsje myn bern. Mar foaral sneu foar us Detsje. Mar se wurd nea forjitten, us Indy.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien