Kar meitsje

troch Posted on 1 min read 99 views

Der leit hy yn syn koer, ùs Ollie. Hy is siik en hy hoastset him stikken. Wy binne al wiken mei him oan it dokterjen. Hy hat focht achter longen en hert. Ik wit wol: hy is sechtjsin jier wurden mar as jo fan it bist hâlde dan wolle jo him sa lang mooglik yn libben hâlde.

Is dat egoistysk? Ik wit it net. Ik wurd hin en wer slingere tusken best bedoelde rie fan minsken om my hinne. Hy krijt piltsjes foar it pisjen mar ek foar syn hert. Samar ynienen kin hy nei bûten rinne en dwaan as hy noch in jonge hûn is. Mar dan wer leit hy der hinne as hie hy ùs al ferlitten.

Syn maat, Max, begrypt der neat fan en sjocht sa nò en dan by syn koer. Hoe moatte wy hjir mei oan? –Wat is leafde?– Troch gean en moed hâlde as moatte wy hjir in ein oan meitsje? Giet it dan om ùs as om it bist?

Ik besef my hoe swier it is. As it in minske oanbelanget wert jo ôfgryslik fan hâlde…

Ollie, foar jo links...
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  

Jou in reaksje:

  Abonnearje  
Nijste Âldste
Notify of
Soan D.
Guest
Soan D.

‘t Is tryst. Yndied een libben. Tink dat it beste kritearium is dat Ollie gjin pine hat. Sa lang dat net it gefal is, soe ik ‘m yn libben litte.

Maar oars…

Sterkte.

trackback

[…] kom fan bed en bin yn ien klap klear wekker. Myn man hie my al warskouwe; Ollie hat it fan nacht net droech […]

trackback

[…] moasten wy mei fertriet ôfskied nimme. Sa as jimme yn myn eardere stikjes lèzen kint hawwe is hy in hiel skoft siik west. Hy hie focht achter hert en longen. It wie in […]

trackback

[…] kamen er Jack Russels, de iene wie troch in skieding oer en tefolle en de oare rûn hieltiid fuort. Dy beide jonges ha wy […]

trackback

[…] beltsjedrukkers. In stik as wat opslûpende bern skilje te pas en te oanpas oan. En dan is ùs Max net te hâlden want se komme ommers op syn terrein. De heit fan it iene jonkje ha ik er al es op […]

trackback

[…] lizze se beide. Myn man underùt yn syn stoel en Max, de hûn, ek underùt yn de […]

Previous
Hûs te keap

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien