Mei de itenspanne op skoat

Hearkes, hearkes… wàt in spanning. Wy sitte sa as safolle lju foar de televyzje. Der mei net tusken troch praat wurde en de hûn mei net blaffe. Wy hawwe beide ùs favoryten. Myn man hat oare favoryte atleten as ik.   Myn favoryten binne twa hurdriders ùt Âldeboarn; Jorrit Bergsma en Daan Breeuwsma. It bloed [Lês mear »]

Maleur

Foar de safolste kear rint myn printer fêst. En ik moat him daliks brûke. Dan mar ùt elkoar helje. Mar it is in apparaat dat hielendal ticht klonken is. Ik set it ding op tafel en mei mes, pinset en in breipriem gean ik oan ‘e slach. De soan skilje mar dy hat gjin tiid [Lês mear »]

Stellerij

Mei grutte swaailjochten wurd ùs fersocht om te stopjen. We steane foar in krùspunt efkes bûten it sintrum. De hiele omkrite is ôfset troch plysjes yn oranje unifoarmen. It is mienens sa te sjen. Oeral stean auto`s ùt alle rjochtingen. “Drankkontrôle. Hast nèt dronken wol?” freegje ik him yn ‘e gauwichheid . “Ik drink noait.“ seit er; “As ik ride [Lês mear »]

Loslitte is...

Untitled-1

Ik gean febrewaarje nei Colombia.” seit er.

Nè dochs wol?” seit myn man; “Dat is it lân fan de untfierings. It Farc is der noch al aktyf. Sjoch mar nei dat frommeske Tanja Nijmeijer.

No, dy foldocht it sa goed, dy wol net wêrom.” seit er. Miskyn siikje ik har wol op en makket sy my ek entûsjast.” gnysket er. “Ik ha in healjier allyn al boeke en betelle en de nediche spuiten hân.

Wêrom hast dat net earder sein?” freegje ik; “Dan koene wy der ùs op klear meitsje.

Dan hiene jimme san bulte beswieren hân. merkt hy op.

Wy binne taskôgers wurden en der moatte wy oan wenne. Yn koartens sil hy as paraglider boppe it enoarme grutte lân fan Colombia fleane.

Loslitte is betrouwen hawwe.


Read more

Weemoed

Wat weemoedich rin ik mei Max de lêste rit foar de nacht. Oeral binne de hûzen ferljochte want de Kryst komt er oan. Leauwige as onleauwige, we dogge allegearre mei oan de gekte fan it ljocht. It iene hûs is mear ferljochte as it oare. It falt my op dat er dit jier mear fersiert [Lês mear »]

Gjin drokte, hear.

“Gjin drokte, hear.” seit er troch de telefoan. We hawwe it oer de feestdagen. “Wat is jimme doel?” freegje ik elk jier wer. Want ik moat dochs wat yn hûs hawwe. As wy tegearre binne dan meitsje ik net san drokte. As er mar wat iterij yn ‘e hûs  is en in drankje fansels. Mar as sy [Lês mear »]

Libbensein

“Mem, jimme moatte fêst lizze as jimme reanimeard wurde wolle. Mar ek as jimme ungenêslik siik wurde. Moatte wy dan eutanasy tapasse?“ freget de soan.  Ik moat efkes omskeakelje, ik bin oan it earpel skilen en dan tinke jo net oan de dea.  “Alles op papier sette hoe en wat jimme wolle.” seit er.   Mar,” sis ik; [Lês mear »]

Smaken ferskille

“Wat in omkoal, nèt?” seit myn man gauris as hy in bekind persoan op de televyzje sjocht. En as it in frommeske is, dan fynt hy it faaks ien wer`t kriich yn sit. Wat dat is begryp ik net. Ùs smaken ferskille folslein. “Hoe komst derby?” sis ik dan; “It liket my in hiele sympathieke fint ta.“ [Lês mear »]

>