Lekkerij mar wol tige gesellich...

Wol mem in badkeamer kastje hawwe?’ freget de soan; ‘Ik ha it krekt oanskaffe mar it past net.’ 

‘Mar past it wol by ús?‘ freegje ik. 

En sa stiet efkes letter, nei wat hin en wer skowen, it kastje ûnder de waskbak.

‘Gelyk mar ynromje.‘ tink ik by my sels. De baddoeken, waskhantsje en de sjippe; it kriget allegearre syn plak. Grutsk streakje ik der noch es oerhinne.

Nei in hoartsje dochs mar efkes sjen.

Mar de brot stiet ûnder wetter. De ynhâld fan it kastje driuwt my temjitte.

‘Hast te folle krêft setten.’ sis ik tsjin de soan. ‘Nee,’ seit er; ‘it spul is gear. Der moat in reparateur komme.’

‘Mar foarhinne lekke it net.‘ gean ik er tsjin yn. ‘It hâld in kear op, mem.” seit er. Ik lit it mar yn`t midden.

Oer in wike sil in makker komme. Wy waskje ús no by it oanrjocht. ‘Ach, dat kin dochs ek wol.‘ betink ik my. Eartiids moasten wy ús dochs waskje yn in ôfwasktobke?  

Mar it is kringen yn de keuken mei al dy neakene minsken. 

Lekkerij? Ach wat, it is ek noch gesellich. Jo komme inoar noch es tsjin.

LÊS EK:  De Chileenske
>