Âldjiersnacht

It hat in dreech jier west foar de Boansters dat se salang it lieden fan de klokken misse moasten. Troch filmkes en aksjes binne we hieltyd ophichte hâlden fan de foarùtgong, fan de restauraasje. En nò is hy klear en feestlik yn gebrûk naam. Syn swier waarm lûd klinkt wer oer it doarp en omkriten. … Read more

Lokwinsken

Lokkich nijjier en folle seine!’, ‘Noflike krystdagen!’, ‘Prettige kerstdagen en een heel gelukkig nieuwjaar!’ ropt myn buorfrou oer de hage. De winsken binne dizze dagen net fan’e loft. Ik wit wol; it wurdt mei goeie bedoelings dien. ‘Mar is it wol miend?‘ tink ik faaks. By guon minsken net mar der binne grif wol dy it … Read more

Mei de tiid mei

Mem moat in smartphone ha.” seit de soan; “Der kin mem alles mei fotografearje,  sms-e  en noch folle mear. Allinnich net kofje sette.“  De oare seit; “Der docht se dochs neat mei. Dy komt yn ‘t laat te lizzen.” Myn man fynt it èk laarjekoek. “We kinne sa njonkelytsen hiel Afrika foarsjen fan mobyltsjes.“ Mar … Read more

Facebookfreon

De taksy bringt my thús. Dit kear tref ik in sympatyk frommeske. It klikt fuortendaliks tusken ús. Oer en wer fertelle wy wer `t wy weikomme en berne binne. En as blykt dat wy út it selde doarp komme, binne de ferhalen net fan‘e loft. “Myn âlden wenje der noch.” seit se. “Wa binne dat … Read more

Loslitte

Untitled-1

Ik gean febrewaarje nei Colombia.” seit er.

Nè dochs wol?” seit myn man; “Dat is it lân fan de untfierings. It Farc is der noch al aktyf. Sjoch mar nei dat frommeske Tanja Nijmeijer.

No, dy foldocht it sa goed, dy wol net wêrom.” seit er. Miskyn siikje ik har wol op en makket sy my ek entûsjast.” gnysket er. “Ik ha in healjier allyn al boeke en betelle en de nediche spuiten hân.

Wêrom hast dat net earder sein?” freegje ik; “Dan koene wy der ùs op klear meitsje.

Dan hiene jimme san bulte beswieren hân. merkt hy op.

Wy binne taskôgers wurden en der moatte wy oan wenne. Yn koartens sil hy as paraglider boppe it enoarme grutte lân fan Colombia fleane.

Loslitte is betrouwen hawwe.


Read more

Ynternetboekhâlde

Ik sil efkes ynternetboekhâlde. Ik bin benijd wat de skea is nei dizze djoere wiken. Mar as ik alle hannelingen dien ha sa as ik it gewoan wie, giet it mis. De bank hat oan it feroarjen west. “Dat is tsjin de oplichterij.” seit myn man; “Ik sis dochs altyd al dat it net betroud … Read more

Trije Keningen

Mei in kroade fol lege flessen besykje ik by de kontener te kommen. Bergen krystbeammen lizze hjir en der ferspraat oer de wei. Grutte en lytse, allegearre troch inoar. Wylst ik by de bult stean te sjen komt in âld mantsje by my stean. ‘Der is noch gjin earmoed, hè?’ seit er en knikt nei … Read more