Smaken ferskille

Naamloos-1Wat in omkoal, nèt?” seit myn man gauris as hy in bekind persoan op de televyzje sjocht.

En as it in frommeske is, dan fynt hy it faaks ien wer`t kriich yn sit. Wat dat is begryp ik net. Ùs smaken ferskille folslein. “Hoe komst derby?” sis ik dan; “It liket my in hiele sympathieke fint ta.

Troch de jierren hinne ha ik der foar mysels in stùdzje fan makke. Net op universitêr nivo fansels. Sa mar op eigen man en boerd.

Derbij is it my opfâllen dat froulje faaks skore by him. Net om it ùterlik mar om wat er ùtkomt om wat se te sizzen hawwe. Froulje dy hun sels omheech wrotten ha kwa ôfkomst en oplieding hat er grutte bewûndering foar. Manlju minder,  dy ha altyd wat foar yn ‘e maatskippij. Dy hawwe faaks konneksjes as somstiden in ekstra tsjil ûnder de kroade. 

Ik gean gauris op it ùterlik ôf, dat wol ik wol witte. 

Maxima docht it goed. Dy mei ik wol lije.” seit er. “Willem-Alexander dan ?” freegje ik. 

Smaken ferskille. Lokkich mar.

Diele mei:

One Comment on “Smaken ferskille

  1. Pingback: Smaken ferskille | ensafh

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien