Loslitte

Untitled-1"Ik gean febrewaarje nei Colombia." seit er.

"Nè dochs wol?" seit myn man; "Dat is it lân fan de untfierings. It Farc is der noch al aktyf. Sjoch mar nei dat frommeske Tanja Nijmeijer."

"No, dy foldocht it sa goed, dy wol net wêrom." seit er. "Miskyn siikje ik har wol op en makket sy my ek entûsjast." gnysket er. "Ik ha in healjier allyn al boeke en betelle en de nediche spuiten hân."

"Wêrom hast dat net earder sein?" freegje ik; "Dan koene wy der ùs op klear meitsje."

"Dan hiene jimme san bulte beswieren hân." merkt hy op.

Wy binne taskôgers wurden en der moatte wy oan wenne. Yn koartens sil hy as paraglider boppe it enoarme grutte lân fan Colombia fleane.

"Loslitte is betrouwen hawwe."

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest

2 Comments
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments
babbelegoegje

Ja krekt. De mem lit it hantsje fan har bern los en hâldt har hert fêst. Sa sawat.

2
0
Would love your thoughts, please comment.x