Gjin drokte, hear.

Naamloos-2Gjin drokte, hear.” seit er troch de telefoan.

We hawwe it oer de feestdagen. “Wat is jimme doel?” freegje ik elk jier wer. Want ik moat dochs wat yn hûs hawwe.

As wy tegearre binne dan meitsje ik net san drokte. As er mar wat iterij yn ‘e hûs  is en in drankje fansels. Mar as sy thuskomme dan doch ik wat ekstra`s. Want se sille thus net san drokte meitsje fan de iterij, tink ik.

Wat dogge jimme?  freegje ik myn freondinne. “Wy geane ùt iten. seit se; “We hawwe op ynternet in aerdich restaurantsje fûn mei wyldmenu en goeie wyn derby.

In oare freondinne giet nei de bern ta. “Se nimme allegearre wat mei.” seit se; “Dan ha ik er gjin drokte fan.” 

Sille wy ek ien fan de feestdagen ùt iten? freegje ik him. “Wer wolst dan hinne?” “Nei in wokrestaurant?” freegje ik. “Nè,” seit er; “dat docht my tefolle tinken oan muoike Stientsje har prakjes.

Wost dan nei de Thai, de Algerijn as de Griek?” “Nè, dat praat ferstean ik net en ik moat dochs ùtlizze kinne wat wy ite wolle?” 

Wist wat?” sis ik prot; “Wy bliuwe thus en ite potstro mei sjerp en spek as weake bôle mei prûmen as riis mei bûter en sûker, goed?

Foaral gjin drokte hear.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien