“Wolst in advintsferhaal fertelle?” frege it bestjûr fan de frouljusferieniging. De Advintsjûn komt er wer oan en dat giet al jierren sa.
Foar de pauze in Nederlândsk ferhaal en dernei in Fryske. En dat mei ik jier yn en jier ùt dwaan. Se moatte koart wêze fan ynhâld hawwe en net te dreech. Troch de jierren hinne bin ik troch de Fryske skriuwers hinne.
‘Dan moat ik sels mar los.‘ betink ik my. Nei in protte stinnen komt it ferhaal der ùt.
It is in ferhaal wurden ùt de oarloch wat ik as bern meimakke ha. De earste rigels stean op papier. Hoe fierder ik yn de tiid werom gean hoe mear de kontoeren dùdliker wurde.
Ùs heit siet yn in fersetsbeweging. Ùs mem koe net oer ferried en ûnrjochtfeardichheid en ferprate har noch alles. En dan moast it wer rjocht breide wurde om ùs heit net te ferrieden. It is in oangripend ferhaal wurden en elke Advint moat ik it wer fertelle.
It hat de frouljusclub wol in lid koste: se fielde har troch it ferline oansprutsen. Nei hast sântich jier is de groede noch net hele, tink ik fernuvere.
“Wolst dat Advintsferhaal noch es dwaan?” freget de foarsitter.
En ik, ik meitsje it noch spannender. Sa kin it ferhaal noch jierren oan it neigeslacht troch jûn wurde…