Flecht op `e koai

Der is noch al wat geande yn de sektor soarchtehûzen hjoed-de-dei. Troch steatssekretaris Van Rijn syn heit is de âldereinfersoargings wer op `nij ûnder  de oandacht kaam.

Dat die my tinken oan ùs mem. Doe sy demint waard kaam sy troch in protte omtoarkjen yn in tehûs foar sok soart pasjinten. Earst wie se dea ungelokkich dwers en ferkeard. Mar geande wei waard it better: se krige medikaminten dy by har situaasje pasten.

It kaam selfs sa fier dat se gelokkich wie. Yn har jonge jierren wie se tsjinstfaam west by in boer en boerinne en dat kaam stadichoan allegearre werom.

Ta wy berjocht krigen dat se yn it sikenhûs lei mei in brutsen heup. Hoe dat kaam ha wy nea witten. Letter hearden wy se hiene har ferjitten op it huske  en sa wie se der ôffallen.

Nei dy tiid woe se neat mear fan de boer en de boerinne witte, dy hiene it bedoarn. As bern hawwe wy der nea wurk fan makke… se wie der ommers gelokkich!

It is mar goed dat er no flecht op `e koai is.

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest

5 Comments
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments
Soan D.

Meneer Holman sjocht is sa. Ik fun it wol treffend. ‘Moedertje, uit dikke mist bestaat uw denken’ Ach moedertje in het Dementehuis, Pappa strompelt naar u toe. Ikzelf geef helaas niet thuis (Van het werken veel te moe). ‘t Personeel heeft het te druk. Ze komen morgenochtend pas. O ja, moeder, het licht is stuk. Dus blijf maar doodstil zitten in uw plas. Kijk, daar is pappa om u te verschonen. Doet u een nieuwe luier aan. ‘t Is moeilijk hè, om hier te wonen. ‘t Is te ver ook van ons huis vandaan. Moedertje, uit dikke mist bestaat uw… Lês mear »

babbelegoegje

Tja, wat sil’k der fan sizze. Je soune sizze kinne, dat se myn freundinne in Talmahûs yn Feanwâlden ek in hantsje holpen ha, troch har yn waar en wyn ynienen bûten te setten wylst ze rom in ier net bûten west hie en by de sentrale ferwarming sitten hie en de lêste tiid net iens mear ut bed helle wie. Longontsteking mei de dea as gefolg. Se ha ek wol’ris in dei hân dat se ynienen de bewenners om seis ûre al nei bed begonnen te wurkjen, ek wol ûnder lûd protest. En ik ha ek wol oppast, omdat de… Lês mear »

Elske

Faak ha ik my onmachtich field. Je binne fan se ôfhinklik en je wolle de bêste soarch foar dejinge dy je leaf ha. Dan betinke je wol foar dat je der wat fan sizze. Je binne bang dat hy dan minder soarch krijt of dat se koartôf wurde. Of je tinke ‘It is gebeurd, we kinne der toch neat mear oandwaan”. Mar wat is de grins tusken kekt genôch soarch en ferwaarleazing? En soms is it ek gewoan te min neitinke. Gelokkich giet it faak goed. En net oeral is it itselfde. De binne gelokkich ek goede plakken en it… Lês mear »