Akkodearje

Naamloos-1Sy is fannacht ferstoarnt.” seit de stimme troch de telefoan. Sûnder emoasjes wurd it sein. Mar de rêst fan de dei is yn ienen fuort.

Ik gean sitten. Myn hannen trilje. Yn gedachten gean ik it libben fan ùs beide nei. Troch trouwen wiene wy foar ùs libben oan elkoar ferbûn.

De earste yndruk foel al net goed seach ik wol. Se mûnstere my fan kop ta tean. ‘Ik moat nije klean keapje en nei de kapper.‘ tocht ik yn in flits. En sa is it ùs libben lang gong. As wy elkoar moeten dan wie ik fuort ûnwis en sei de ferkearde dingen.

Doe ik âlder waard en it libben my snoeie en bijskave hie waard ik selsbewuster. Mar it is noait wat wurden tusken ùs, hoe ik ek altyd myn bêst die.

En no is se er net mear. Ik sil se net misse mar it hie al oars moatten: ik hie mear my selfs wêze moatten. Wa wit hoe it dan oars rûn hie …

Hoe kin dat nò?‘ freegje ik mysels ôf; ‘Dat it mei guon lju akkodearet en oaren net?

Yn passende klean sil ik achter de kiste rinne. Soe it har goedkarring hawwe ?

Diele mei:

6 Comments on “Akkodearje

  1. Tja, dat ha je soms mei famylje. mar sa kin je de leave frede bewarje, hé.. Sommige minsken krije dan spul en ha dernij gjin contact mear, (wat somtiden oplost wurde kin mei in famyljediner,)

  2. In teare kwestje. Mei je eins de oantrouden net aardich fine? Je leare fan thûs út in waarm wolkom yn de famylje. Mar nei schiedingen yn de famylje en oare gedoch wur je wol mear ôfhâldend. Ik hâld my meastal mar yn, want oars komt je broer of suster yn in lestige posysje en bist noch fierder fan hûs en stiest allinich. Mar je komme der ek net fjirder mei.
    Yn dizze tiid fan mantelsoarch en partisipaasje sille de spanningen wol ta nimme yn familjes.

    Sterkte.

  3. Tanke wol foar dyn reaksje. Ik gean altyd ùt fan it goeie fan in minske mar dat is faaks dreech !

  4. Wat herkenber Wokke, en je witte net hoe je soks omkere moatte yn je hâlden en dragen.

  5. It soe moai wêze as der in antwurd wie op it wêrom fan “‘Dat it mei guon lju akkodearet.”
    Misskien wat eigenens yn in oar en ek wat ferskil. Of in dield ferline. Of as je tegearre wat meimakke ha en ta in goed ein brocht ha. Of wearst beide fan genietest. Of ast de oare dy oanfielt. Of werkennen. Of ast de oare echt kinst……
    It giet soms ek oer macht en onmacht en lykweardigens.
    Ik wit it net. Wat tinke jo?

  6. Min moast oan in ferwachtingspatroan foldwaan. Sa wie it foarâl eartiids tusken earm en ryk. Lokkich is it hjoeddedei folle better wurden.yn dat opsicht. De minsken binne folle mûnigerwurden, lokkich mar.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien