Wolsto efkes lêze?” seit myn broer en rikt ien de Bibel oan. We fiere ús jierdeis mei inoar, dat is troch de jierren hinne wizânsje wurden.
Under de oanwêzigen sit in grut ferskaat yn de wize fan leauwe. En ik moat sizze, dat giet altyd wûnderbaarlik goed. Wy hawwe respekt foar inoars’ oertsjûging. Der is in menist by, in baptist en twa PKN-ers.
We binne de lêste jierren went om mei inoar te iten. Nei de kofje de buorrel, dan de iterij. Oan`t ein wurdt er in passend stikje út de Bibel lêzen, mar altyd út de Nederlânske fertaling.
“Hast net in Fryske Bibel?“ freegje ik him.
“Jawol,“ seit er; “mar dy is my te dreech om te lêzen.“
“Jonge,” sis ik mei argewaasje; “do wist net watsto mist. Fan al dy oersettings hat bliken dien dat de Fryske oerset it tichtste by komt.“
“Jou mar op.” sis ik en lês steande yn myn memmetaal út it heiteboek.
Sa gean wy letter op wei nei hûs: de menist, de baptist en de twa PKN-ers…
Sa kin it ek!
Us mem lies ek út de Fryske Bibel foar. In Bibel mei allegear ‘losse stikjes, gedichten en ferskes deryn en kaartsjes. Ek in moai útskoart stikje oer “houden van”. Dat ha ik oan har beppesizzer jûn.doet se 15 wurde.
Dêr giet it hjoed yn Parys ek om: respekt foar elkoars wêzen en leauwen :
Wat schrijf je trots dat je het Heiteboek in je Memmetaal leest.