Container

Naamloos-2

“Minne en ik sille ferhûzje.” seit se. “ wol?” sis ik.

Ik kin har al sa lang dat ik my net foarstelle ken dat sy fuort is.

Wy hawwe ùs hûs ferkocht en keapje ùs yn yn in fersoargingshûs. Alles wurd der regele: iten, drinken, in wurkster en ferpleging as dat nedich is. En der binne allegearre clubkes. Minne hâld fan damjen en ik fan sjongen.

Dat is de safolste dy hja ynkeapje litte. En ta hun dea ta fersoargje litte.‘ betink ik by mysels. Fanne wike wie der ek al ien, dy gong mei har man yn in ferbouwde suvelfabryk. Wat wolst ek: de rêsthûzen wurde ferkocht as ôfbrutsen.

“Wêr moatte wy letter hinne?” freegje ik myn man; “Ynkeapje, der ha wy de sinten net foar. En der komt by: do hâlst net fan damjen en ik net fan sjongen.

“Wy sette in container achter it hûs fan ùs Durk.”

“Soe hy dat wol wolle?” freegje ik twiveleftich. “Wy ha salang foar him soarge, dan docht hy it no mar foar ùs.” seit er.

Wy binne er noch net ùt. Ik sjoch my noch net yn in container omskaaien … Jimme wol?

Diele mei:

4 Comments on “Container

  1. In kangoeroe wenning wêrby in unit oan in hûs (meastal fan de âlders) boud wurdt. Neffens my rint der by de gemeente Hearrenfean in rjochtsaak oer de gemeentlike belesting (en wetterskip lêsten).

  2. Om earlik te wêzen, ik soe it net witten. Der feroaret safolle. Soms is it hûs mei wat lytse oanpassingen al wat mear libbensbestindich te meitsjen. Dan kin je in je eigen hûs bliuwe.
    Ik tink ek dat je op in bepaald stuit te âld binne en dan te bot tsjin in ferhuzing op sjogge. Dan bin je te let. It liket my ek moai om yn deselde plak wenjen te bliuwen. Miskien ynskriuwe foar in oanleunwenning of in flet? De wachttiiden binne lang.
    Ik kin net foar jo sprekke, mar ik soe gean foar wêr jo it meast genietsje en it minst de minder leuke putsjes hoeve te dwaan.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien