Podiumgast

Sa nò en dan ha de Menisten in podiumgast yn de Fermanje. Ien dy mei de foargonger de tsjinst fersoarget. Dizze kear wie it de wethâlder fan Sosjale Saken. De hiele tsjinst stie yn it teken fan omsjen nei elkoar. Nei oanlieding fan Matteüs 25: 1-25  de gelikenissen fan de tsien fammen en de talinten. [Lês mear »]

Tinkdei

Der falt in kaart troch de brievebus mei in wite roas der op. Ik pak him op. It sil wol in ùtnoeging wèze foar in barbeque dat hjoed de dei wisânsje is. As in ùtnoeging fan in breidspear dy hun sulveren as gouden brulloft fiere wol. Dat hat mei ùs jierren te krijen en komt gauris [Lês mear »]

Deun by dy sels Sa ist, en net oars

Sa as eltse simmer mochten wy wer in tsjinst fersoargje yn de Rotonde Tsjerke fan Tsjalbert. Yn it kader fan oekumenyske tsjinsten geane minsken fan ferskate kleuren foar. Nei oanlieding fan de tekst ùt Romeinen 12;2 (“U moet andere mensen worden met een nieuwe gezindheid“) hiene wy as tema: “Wie nooit van mening is veranderd, [Lês mear »]

Momint fan Lok

Ik sit yn de tùn. It is deastil om my hinne. De minsken yn myn omjouwing binne der op ùt. Ik bin allinne. De fûgels hawwe it alderheislikste drok. De âlders fan it jonge guod fleane har de fearren ùt it gat: it is spitsoere. Mar alles giet mei uterste sekuerens. As mem blokfink mei in [Lês mear »]

Keninginnedei

Keninginnedei  30 april 1960. Ùs âlste soan is berne. Folgens de hûsdokter soe hy op 5 meie it libbensljocht sjen. It waard Keninginnedei. Mei in lokwinsk fan Keninginne Juliana (wie nèt altiid sa)  in dûbel feest, fansels. Hy sels fûn der letter neat oan want alle oandacht gong nei de festiviteiten. De jierdei begong iere betiid [Lês mear »]

Glês-yn-lead

Der sit in famke fan san tretsjen jier foaroan yn de grutte ymposante Doelhoftsjerke (op Maps) fan Âldeboarn. It is 15 april 1948. Der sil in grut glês-yn-lead raam ûntbleate wurde. De tsjerke sit grotfol mei ynwenners fan de omlizzende doarpen ùt de gemeente (doe noch) Utingeradiel. Hun boargemaster, Jhr. Mr. Paul Marinus van Baerd van Sminia [Lês mear »]

Tentoanstelling

“Hast ek noch in fergeesreizgjen kaartsje?” freget myn freon. Wy hawwe beide in abonnemint fan it spoor. “Der is in ymposante tentoanstelling yn de Nieuwe Kerk yn Amsterdam. De titel is ‘Jodendom, een wereld vol verhalen‘.” En sa sitte wy yn de trein nei Amsterdam. Hy hat de tas mei broadsjes en ik de kofje. Want sok [Lês mear »]

Beskaving

Mei in grau flokwurd komt myn buorfrou achterom. Se hat har dei net, alles sit har tsjin. Ik jou har in bakje kofje en freegje wat har dwers sit. Nei wer in flokwurd ferteld se wat har oerkaam is. “Wèrom flokst sto sa?”, freegje ik  har. “Doch ik dat?“, seit se fernuvere. “Ja,” sis ik; “werom [Lês mear »]

Myn Momint

It is sneontemoarn betiid en osa stil om my hinne. Ik nim in bakje kofje en lês op myn gemak de Ljouwerter. Myn man en de hûn binne noch yn dreamenlân. Dit is myn momint fan de dei nè fan de wike. De rèst is oerâl om my hinne. Gjin hastiche minsken dy op it [Lês mear »]

Krêften

Ha jimme dat gefoel ek wol es hân, dat jo nèt mei de meute mei dwaan kinne? Dat kin sawol maatskiplik wèze, oplieding as in gearrin fan omstannichheden. Jieren ha ik der lèst fan hân. Ik kaam yn in oar miljeu telânne. De minsken om my hinne hiene it der dùdlik dreech mei. Yn dy [Lês mear »]

>