Glês-yn-lead

troch Posted on 7 Comments 1 min read 326 views

Der sit in famke fan san tretsjen jier foaroan yn de grutte ymposante Doelhoftsjerke (op Maps) fan Âldeboarn. It is 15 april 1948. Der sil in grut glês-yn-lead raam ûntbleate wurde. De tsjerke sit grotfol mei ynwenners fan de omlizzende doarpen ùt de gemeente (doe noch) Utingeradiel.

Hun boargemaster, Jhr. Mr. Paul Marinus van Baerd van Sminia (hjir mear; twadde alinea), sil betocht wurde. Hy is op de Befrijingsdei fan Fryslân -15 april 1945- yn Dùtslân deasjitten. En sa wolle de ynwenners mei in raam hun boargemaster earje. Onder it oargelspyljen fan “Abide with me” waard it raam troch de twa soanen Hobbe en Frans onthulle.

Audio clip: Adobe Flash Player (version 9 or above) is required to play this audio clip. Download the latest version here. You also need to have JavaScript enabled in your browser.

Ik wie der djip fan under yndruk, dat wit ik noch hiel goed. Nò siet ik der wer en belibbe op nij de unthulling fan it jier 1948. It raam is troch de beide skoallen fan it doarp adopteare. Elts jier wurd op 15 april de boargemaster betocht troch skoalbern en ynwenners mei in krâns en sels makke gedichten. Nei in minùt stilte en it sjongen fan it “Wilhelmus” kaam er in ein oan dizze gearkomste. 

As âld Boarnster leit dit barren my tige oan it hert. Salang as ik kin sil ik der by wèze…

Print Friendly, PDF & Email
  • 1
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
    1
    Share

Jou in reaksje:

  Abonnearje  
Nijste Âldste
Notify of
Appelvrouw
Guest

De kerk staat op mijn lijstje: te bezichtigen.
Mocht het er deze zomer van komen dat ik in de buurt kampeer, dan moeten we Âldeboarn maar eens op de kaart zetten.

Appelvrouw
Guest

Ik zal om de grafstenen denken, die liggen nog op de grond neem ik aan, niet rechtopstaand. In Leeuwarden heb je ook zo’n plaats waar ze liggen.

gelfke
Guest
gelfke

Rike stjonkers dy adel eartiids;-)))!
Tsjerken, as ik earne bin dêr`t ik noch nea west bin dan is in besite oan de tsjerke ien fan de earste dingen dy`t ik dan doch. It `rike` roomske belibjen fan leauwen fernúveret my eltse kear wer… rare jonges dy Roomsen (alhoewol myn broerke as hiel gewoan bleaun is doe`t er Roomsk waard;-))

Elske
Guest
Elske

Moai, dat sjongen fan it Mormon Tabernacle Choir.
Family út de omkriten fan it Fean binne roun 1900 nei Utah goung.

Previous
Tentoanstelling

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien