Podiumgast

troch Posted on 0 Comments 1 min read 191 views

Sa nò en dan ha de Menisten in podiumgast yn de Fermanje. Ien dy mei de foargonger de tsjinst fersoarget.

Dizze kear wie it de wethâlder fan Sosjale Saken. De hiele tsjinst stie yn it teken fan omsjen nei elkoar. Nei oanlieding fan Matteüs 25: 1-25  de gelikenissen fan de tsien fammen en de talinten.

Berne en opgroeid yn ‘e middenklasse ferhelle hy oer syn ôfkomst. Syn heit hie graach hân dat hy him opfâlge hie as bakker mar der fielde hy neat foar. En sa is hy syn eigen wei gong. Mar it sosjale gefoel fan thus is bleaun.

Wat is no moaier in baan te finen mei de idealen dy jo hawwe? Hy moat besluten nimme dy somtiden tsjin syn gefoelens yn gean. Yn tiden fan wurkleazens  en achterùtgong is dat tige dreech om dy saken yn jin portefûlje te hawwen.

“Wy sille net mear op de oerheid rekkenje kinne. Der komme nije tiden oan. Fan kreatyf wêzen, kânsen brûke en ferantwurdlikens nimme.” folges de wethâlder. “Mar foaral nei elkoar omsjen. Sawol sosjaal as ùt kristelik eachpunt. Wy sille elkoar nedich hawwe.

Dizze podiumgast mei wol wèr es komme. Hy hat ùs noch in protte ùt te lizzen.

Nei ôfrin waard de kofje kâld. De discusje leage d’r nèt om.

  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  

Jou in reaksje:

  Abonnearje  
Notify of
Previous
Ynteraksje

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien