Loslitte is...

Untitled-1

Ik gean febrewaarje nei Colombia.” seit er.

Nè dochs wol?” seit myn man; “Dat is it lân fan de untfierings. It Farc is der noch al aktyf. Sjoch mar nei dat frommeske Tanja Nijmeijer.

No, dy foldocht it sa goed, dy wol net wêrom.” seit er. Miskyn siikje ik har wol op en makket sy my ek entûsjast.” gnysket er. “Ik ha in healjier allyn al boeke en betelle en de nediche spuiten hân.

Wêrom hast dat net earder sein?” freegje ik; “Dan koene wy der ùs op klear meitsje.

Dan hiene jimme san bulte beswieren hân. merkt hy op.

Wy binne taskôgers wurden en der moatte wy oan wenne. Yn koartens sil hy as paraglider boppe it enoarme grutte lân fan Colombia fleane.

Loslitte is betrouwen hawwe.


Read more

Folle Lok en Seine Oprjocht miend.

Alle lêzers, harkers en kritikasters wol ik fan herte betankje foar de oandacht dy sy bestege hawwe yn it ôfrûne jier foar Tiden hawweTiden. Ik wit wol; it wie net altiid folslein. It iene stikje hie mear ynhâld dan de oare. Myn memmetaal wie net altiid perfekt, ek wiene der flaters . Mar foar mysels [Lês mear »]

Weemoed

Wat weemoedich rin ik mei Max de lêste rit foar de nacht. Oeral binne de hûzen ferljochte want de Kryst komt er oan. Leauwige as onleauwige, we dogge allegearre mei oan de gekte fan it ljocht. It iene hûs is mear ferljochte as it oare. It falt my op dat er dit jier mear fersiert [Lês mear »]

Gjin drokte, hear.

“Gjin drokte, hear.” seit er troch de telefoan. We hawwe it oer de feestdagen. “Wat is jimme doel?” freegje ik elk jier wer. Want ik moat dochs wat yn hûs hawwe. As wy tegearre binne dan meitsje ik net san drokte. As er mar wat iterij yn ‘e hûs  is en in drankje fansels. Mar as sy [Lês mear »]

Krystfolders

Protten krystfolders wurde troch de brievebus skowd. It binne net mear fan dy flatsjes papier mar boekwurken wurden. Je soene se yn de boekekast sette as it romans wiene, dan wiene se net te beteljen. De iene is noch moaier as de oare. BN-ers ferhelje wiidweidich oer hun plannen mei de krystdagen. Faaks ha se [Lês mear »]

>