Trije Keningen Der is Mear Tusken Himel En Ierde

Untitled-1Mei in kroade fol lege flessen besykje ik by de kontener te kommen. Bergen krystbeammen lizze hjir en der ferspraat oer de wei. Grutte en lytse, allegearre troch inoar.

Wylst ik by de bult stean te sjen komt in âld mantsje by my stean. ‘Der is noch gjin earmoed, hè?’ seit er en knikt nei de bulte.

‘Miskyn binne der wol minder as ferline jier.’ sis ik. ‘Wol nee,’ seit er; ‘se wurde yn it tsjuster hjir del kwakt. Dan binne se der mar fan ôf.’

Skodholjend rint er fierder.

Yn ienen merk ik wat flikkerjen op tusken it grien. Underoan in heal ôftuge beam, de pyk is heal ôfbrutsen. Mar dan sjoch ik weróm ik wat glinsterjen seach; it is ingel, fertize yn de tûken.

Ik wrakselje my der troch hinne en lûk mei alle macht de beam er ûnder út. Wa smyt no sa’n moai beampke fuort? Ik wrot him op ‘e kroade en mei in protte geheister stiet er efkes letter achter yn‘e tún.

De ingel wurdt behimmelje en komt by syn maten yn‘e doaze. Oant takom jier!

Soe der dan dochs mear wêze tusken Ingels en Keningen? It is ommers 6 jannewaris ?

LÊS EK:  It leanstrypke
>