Feilich fiele

light-at-the-end-of-the-tunnel-woman-dance

De telefoan giet, in manne stim seit; “Mem is ferstoan. Se hat in hertoanfal hân.”

Dat kin net.” sis ik; “Se wie de sûnste fan de hele famylje.

“En dochs is it sa.” seit er mei brutsen lûd.

Ik bin op `e stoel del sakke.
Se wie fjouwer jier âlder as ik. Se moast eartiids fan ùs mem altyd op my passe. En dat die se mei grutte passy en serieusens .

Gongen we mei in ploechje famkes nei Texel, dan moast ik neist har yn de bus sitte. En foaral net te ticht by sè komme. Doe wy lyts wiene leine wy neist elkoar yn ien ledikant.

It wie oarlogstiid en sa hoechde ik net bang te wêzen sy wie der altyd.

Sa woe ik graach in poppe hawwe mar dy wiene net te krijen. Dan mocht ik har earm brûke, dy klaaide ik dan oan dat wie dan myn boarterspoppe. Letter gong se mei my as ik op sollisitaasje moast.

Doe wy âlder waarden gie elk syn gong. Mar as ik earne mei siet kaam ik by har om riet en nea kaam ik foar de tichte doar.

Yn tinzen pak ik har earm en klaai `m oan, ik fiel my feilich sa as eartiids doe wy tegearre yn dat grutte ledikant leinen.

Feilich fiele.

Diele mei:

One Comment on “Feilich fiele

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien