Ynternetboekhâlde Sterkte, hear!

Untitled-1

Ik sil efkes ynternetboekhâlde. Ik bin benijd wat de skea is nei dizze djoere wiken. Mar as ik alle hannelingen dien ha sa as ik it gewoan wie, giet it mis. De bank hat oan it feroarjen west.

“Dat is tsjin de oplichterij.” seit myn man; “Ik sis dochs altyd al dat it net betroud is. Kinst better nei de bank gean.“

“Nei de bank gean.” sis ik opstannich; “Se hawwe der gjin personiel mear.”

Ik ha der lêsten in oere sitten te wachtsjen. Ik ha my net ferfeeld. Minsken boeie my, der is net ien gelyk. De iene is hastich en de oare hat alle tiid. De bank besunicht dúdlik op personiel. Ik krige begrutsjen mei it frommeske, se fleach har de fuotten út it gat.

Ik bin oan bar en hoech allinne mar myn pinkaodekaartsje op te wurdearjen want ik wie wer es it nûmer kwyt. “Sterkte, hear!” rop ik nei de wachtsjende lju.

Ik gean nei hûs en besykje de knepen fan it ynternetboekhâlden ûnder de knibbel te krijen.

Ien ding mis ik; it kontakt mei de minsken. Ik nim my foar om wat faker ferjitliker te wurden.

LÊS EK:  Libbensein
  • >