Foarnimmens

Untitled-1Sa as by elke jierwikseling ferhelje BN-ers oer hun goeie foarnimmens. De iene wol mear thus wêze, de oare wol oan de line dwaan en sa foart hinne.

Hoe stiet it mei dy?” seit myn ratio  dy altiten as in skaat achter my oan rint. Ik wurd ûnrêstich en nim noch mar in glês wyn. Ik wit bêst dat er in soart oan mekearret. Ik wit mear fan mysels dan wa ek.

Ik hoech net fier te graven. Myn grutste swakkens is myn ûngeduld. In oar ùtprate litte ha ik gjin tiid foar. Remmen bestean net by my. De pûde mei drop moat op en de flesse wyn moat leech. Altyd troch gean, leaver hjoed dan moarn. Man en bern wurde der faaks deawurrich fan.

Mar ik moat sizze; ik ha èk sa myn goeie eigenskippen en dêr wol ik my it kommende jier opsmite. 

De wei nei de hel is befluorre mei goeie foarnimmens‘ seit it sprekwurd. Soe dat ek foar my jilde?

Diele mei:

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien