Goarre

troch Posted on 0 Comments 2 min read 102 views

Naamloos-1It is prachtich waar en ik meitsje plannen. It is ommers al gau Keninginnedei! Earst mar meane en dan …

Mar it wurd neat, it ark bliuwd stean. Al gau kin ik in retoer nimme op it huske. En sa belânje ik yn de lapekoer.

Wat ite wy hjoed?‘ ropt hy. Dat levert my wer in rit op nei it stee wer`t ik krekt wei kom. “It giet rûn.” seit de buorfrou; “Der hearsket in goarre.

Mar wat ha ik der oan? Ik sit mei myn eigen illinde.

Ha wy ek wat te drinken yn ‘e hûs?” freegje ik. Mar alles is skjin op. Ik soe ommers boadskipje. Efkes letter hear ik myn man earmoedzjen. Ek hy belânnet tusken de lekkens. Gedeelde smart is halve smart. Ik bin dus net allinnich.

Mar hoe moat it no mei Max? Hy hat er noch net ùt west. “Doch dyn behoefte mar yn de tun.” sis ik; “It mei nò.” Hy begrypt er neat fan en wol rinne.

Ik skilje tusken de bedriuwen troch mei de soan as dy wat dwaan kin mar ja, dy wennet yn it westen. Dan mar de oare soan mar dy sit earne yn Dutslân. En de buorfrou? Dy hat it wol besjoen en is ôfsetten.

Is dit it foarlân fan de âlderein ?” freegje ik my ôf . De oerhyd wol op de soarch besunigje. Soarch op maatwurk: wat soe ùs maat wêze? De femylje moat mar helpe mar as min dy net hat, wat dan?

Lokkich is dit mar in goarre. It kin noch folle, folle beroerder. 

Kreatyf

troch Posted on 2 Comments 1 min read 151 views

1Wol mem ek twa grutte houten bakken hawwe?” freget er. Hy is syn balkon oan it oprêdden. En sa as it altyd giet komt er wat oer en tefolle is by ùs achterhûs.

Ik moat sizze; it is myn eigen skuld. Ik kin neat foart dwaan. Wat foar brot it ek is, ik sjoch er wat yn. Twa izeren stuoltsjes wer`t de beklings fan wyt ferve binne hingje oan de muorre. In ôftanke televyzjetafel mei in marmerenplaat derop. Neat is te gek.

Ik sjoch er altyd wat yn. Ta grutte argewaasje fan myn man. Hy is net sa kreatyf as ik. Soe it komme fan ùs heit? Dy koe ek alles brûke. 

In grutte bestelauto stoppet foar de doar en twa manlju sjouwe enorme bakken achterhûs. “Wat moatte wy hjir mei?” seit er fertwifele. “Wachtsje mar ôf.” sis ik; “Do silst er fersteld fan stean.”

Nei dat ik it spul  besjoen ha begjin ik te skowen. Yn myn holle begjint in moaie sithoeke te waaksen. Earst mar fervje. Ik ha noch wat stean en dan gean ik los. Nei in dei skreppen en krewearjen is de sit  klear.

“Komme jo efkes?” ropt myn buorfrou oer it skut; “Wy hawwe in lounge-set kocht. In geweldich bankstel fan keunstreit komt my temjitte.

It sjocht der prachtich ùt.” sis ik en gean wêrom nei myn eigenmakke lounge-set. 

Sis nò sels; wat is nò moaier om kreatyf te wêzen en âlde dingen op te laapjen?

2

Wêrom sjen

troch Posted on 1 Comment 1 min read 157 views

ut-hus“Kin mem ek in pear dagen komme?” freget er.

“Hoe sa?” sis ik.

Nò, d’r moat safolle barre. De baairomte moat ferve en de tùn moat nedich dien wurde. En twa kinne mear dan ien.

“Nò, dan moat dat mar. sis ik en skow myn eigen plannen opside. En sa sit ik in pear oeren letter yn de trein.

“Wat pakke wy earst oan?” freegje ik nei dat wy bypraten binne.

Earst de tùn mar. It is  nò moai waar.” seit er.

En sa gean wy efkes letter los. Nei dat de dei linget begjin ik myn rech te fielen; it jongste is er ôf . Mei sa nò en dan oerlis en oanwizingen sjit it aerdich op. 

Sille wij mar es kofje drinke?” freget er gauris.

Ûnder it skreppen troch prate wy oer eartiids. Oer syn jonkheid, skoalle en âldershûs. Foarfallen dy him nò noch yn de besnijing hâlde en ik gjin weet fan hân ha. Gefoelens fan ‘dat hie oars moatten’ fleane troch myn tinzen.

Hy wie de tredde en wy siten yn de dreechste tiid fan ùs libben. Hat hy wol genoch leafde en omtinken hân?” freegje ik my ôf. Koe ik it noch mar es oer dwaan. Dan soe it al oars gean.

Hy bringt my nei de trein en mei de earmen om my hinne seit er; “Wat ha wy it moai hân hè, mem?

En de baairomte? Die komt letter wol.

Anke

troch Posted on 0 Comments 1 min read 128 views

003lytsHoe vind je het?” freget se. Yn grutte spanning sjocht se my oan.

Anke hat ùs soan skildere. Se hat yn Amsterdam in oplieding folge, spesjaal yn portretskilderjen.

Trouwens, se is fan àlle merken thùs. Set har foar de piano en elke genre spilet se.

In jier as wat allyn ha ik har kinnen leard. Se hie wat oer har wat my oan luts. Wat wit ik net dat ha jo somtiden mei sommige types. Jo kinne net ferklearje wêrom.  It is de klean nèt mar ek it kapsel nèt. It komt fan binnenùt.

Hjoeddeis hâld se in eksposysje fan har wurken yn de Vasthi- Hoeve yn Gersleat

“Hoe vind je het? Is het wat treffend? freget se noch es. Ik pak it ùt en wurd opslach emosjeneel. It is in treffend byld fan ùs soan. In pear jier allyn stoar hy ûnferwachts troch in hertoanfal.

Hy sjocht my oan mei in glimke om de mûle. In bytsje foaroer mei in sigretsje tusken de fingers. Op dat stuit hearde ik him dùdlik sizzen; “In knappe fint hè, mem? 002lyts

“Hoe hast dat foar elkoar krige?” sis ik tsjin har. Door dat ik hem heb ontmoet en hem een beetje heb leren kennen.” seit se. 

Anke,  famke. Do moast yn it Rijks Museum hingje. Alle ferneamde skilderijen sille der neist ferblikke.

Ûnwennigens (2)

troch Posted on 0 Comments 1 min read 111 views

nostalgiaDer oerfalt my somstiden in gefoel fan ûnwennigens. Hawwe jimme dat ek wolris? It is in gefoel dat jo net omskriuwe kinne.

It is in oare ûnwennigens die ik as bern hie. Ùs mem woe de hannen wol es frij hawwe  en sa moast ik yn de fekânsjes ùtfanhûzje by myn pake en beppe yn Terband. Dea ûngelokkich wie ik dan. Ik wie èk noch nei har ferneamd mar se hie neat mei my. Ik like tefolle op myn mem; dy beide koene nèt troch ien doar .

Mar de ûnwennigens dy my hjoeddeis wol es oerfâlt is oars. Ik ha besocht it ùt te plùzjen. Is it in gefoel fan ûngelokkich wèzen? Mar ûngelokkich bin ik net, myn lea hat gjin krupsjes en foar myn âldens kin ik noch best mei dwaan.

“Hasto dat gefoel somstiden èk?” freegje ik myn suster.

,” seit se en fynt it mar in fremde fraach; “Do moast er es ùt, ôflieding moast sto hawwe. Mar dat is gjin befredichjend antwurd foar my.

It wurdboek seit:

Ûnwennigens;
it kin in gemis wêze fan lang ferlyn as langsme nei wat komme sil

 Sille wy it dan mar op it lêste hâlde?

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien