Pessimist

troch Posted on 0 Comments 1 min read 234 views

kopzand“Do stekst de kop yn`t sân.” seit hy. Hy sit nei Hjoed te sjen.

It iene rampberjocht nei de oare wurd de keamer ynslingere. Femylje bedriuwen fan in pear hûnderd jier âld geane op ‘e flesse. Ùs gemeente komt ûnder kuratele fan de provinsje. De gemeentelike lêsten sille heger wurde. En ùs taksje sil net mear ride.

En sa komt alle ellende op è tafel.

“Moast es hearre.” sis ik; “Myn orchideen krije wol trije nije loten.” Fan alles helje ik by de kop om him mar ùt dy delgeande spiraal wei te heljen.

“Do stekst de kop yn `t sân!” ropt er nog es; “Do wost de realiteit net ûnder eagen sjen.

Ik nim my foar om fan nò ôf oan dôf te wurden en posityf te tinken. It gefjocht tsjin negativisme giet oan. Der sil noch hiel wat wetter troch de rivierbeddings fan Fryslân streame moatte om dit fol te hâlden. Ik nim my foar om stappen te ûndernimmen. It tillevyzje-apparaat op steuring te setten as de stekkers ûnklear te meitsjen.

Mar de man achter dit alles, der sil ik oan wurkje moatte.

Mar diskutabel sil it bliuwe…

Kloklieder

troch Posted on 2 Comments 1 min read 329 views

klokkenluiderEdward Snowden hat bekend makke dat de Amerikaanske feiligheidstsjinsten fan elkenien op ‘e hichte is..

Sa is  ek  ùs ynternet en de telefoan net feilich. “En myn webside dan?” freegje ik him; “Wat hat de FBI, CIA en de AIVD oan myn skriuwerij?” freegje ik.  

Yn dy simpele stikjes kinne wol spionaazje berjochten ferskûle sitte. seit hy. “En dan noch de satelieten, dy alles registrearje wer sto biste en was sto dochste. Dy feilichheidstsjinsten , hja kinne ùs sibben en goedkunde better as wy dy kinne.” 

De kloklieder koe der nèt mei libje en hat de saak wrâldwiid iepenbier makke. Hy koe it net iens wurde mei syn gewisse. Ûndanks syn ynkommen fan 91.683 euro per jier hat hy syn hert folge. En nò sit hy earne yn nimmanslân sûnder frou en bern, sûnder ynternet en telefoan.

“Wat in held.” sis ik tsjin myn man; “Dizze man moat de Nobelpriis ha.  

 “Sil ik dan mar troch gean mei myn stikjes? Miskyn hat Edward de Kloklieder der wat oan. Och, hearkes; dy kin er dan ek nèt krije fansels.

(..)

Epilepsy

troch Posted on 0 Comments 1 min read 272 views

logoKomst ûnder?” rop ik ûnderoan de treppen. Us soan komt elke dei syn waarme hap heljen. Dat giet al jierren sa ta alle te fredenheid.

Ik rop noch es; “Komste?” Mar hy reagearet net. ‘Dat doocht nèt.‘ tink ik by my sels; ‘Dèr is wat oan de knikker.

En sa fyn ik him ûnder it buro. Tige ferkrampe leit hy op de grûn, it skom om ‘e mûle en blau oanrûn.

Ik skilje mei de dokterswacht. It frommeske moat earst fan alles witte. Wylts ik panikerich der troch hinne raas; “Hy hat in hertoanfal krige!” 

Efkes letter –foar myn gefoel fierste let– stean hja by him. Yntiid is hy by kaam en sjocht fernuvere nei de minsken om him hinne.

Dat wie foar him en ùs it begjin fan jierren lange epileptise oanfallen. It kaam altyd unferwachts. Mei in kaartsje yn de bûse mei al syn bysûnderheden gong hy troch it libben. Hy en wy learden der mei omgean. Sels hie hy it alhielendal aksepteare.

Se hawwe my wer fûn, mem.” sei er dan; “Nò by de kassa fan de supermarkt. Hja wiene der sa aerdich foar my, ik krige ek noch kofje.

It is de Wike fan de Epilepsy. Wy sille gol jaan want wy witte wat it is. Jild is hurd nedich foar ûndersyk en sûnder de stipe fan kollektes en giften rêdde hja it net op. 

Komste? It iten is rè…

Op libben en dea

troch Posted on 7 Comments 2 min read 453 views

aksterIer en betiid wurd ik wekker troch in protte geraas fan aksters. Yn de grutte beam achterhûs sit in nest jongen.

Ik draai my om en wol my der net mear oan steure. Mar it geraas wurd fûler. Ik moat er mar ôf en strompelje yn nachtklean mei in slûge kop nei bûten.

En ja hear; der sit in dikke reade kater ûnder de beam. Ik gryp de biezem en gean er achteroan. It aksterpear sjocht fan grutte hichte nei it wûnderlike minske ûnder de beam. Wat soe der yn hja omgean? Ik beslùt yn hûs te gean.

Mar as hiene se it yn ‘e gaten it geraas bejint op ‘e nij. Op bleate fuotten flean ik er hinne en nò is it de swarte kat fan de buorlju dy ûnder de beam sit. De flibe rint him ùt de bek en triljend stiet er omheech te sjen. Ik pak de moatteklopper en draaf achter it bist oan.

Letter op è dei sjoch ik de kat fan de buorlju lang ùt op de grûn lizzen mei in akster foar him en in akster achter him. Hy kin gjin kant mear ùt. “Dit is wrake.” tink ik by my sels. “Toe mar, jonges.” sis ik tsjin de aksters; “Set him op.” De kat jout ûnder fûl protest belies.  

Er komt in foldien gefoel oer my. Ik ha in keppel aksters it libben rêdden.

 “Wat in drokte. seit hy; “Aksters binne dochs rôffûgels?”

No èn …

Eachkorreksje

troch Posted on 10 Comments 1 min read 485 views

each“Do moast nei de eachdokter.” sis ik tsjin him.

Mei read trochrûne eagen sjocht hy my oan. “Ach, drippelje mar. Dan giet it wol oer.” seit er. Mar de moaie blaue eagen wer`t ik ien kear foar fallen bin binne read troch rûn.

En sa sitte wy efkes letter by de hûsdokter. Dy advisearet ùs nei de eachdokter te gean. Mar earst moatte wy in ôfspraak meitsje.

Ik krij it ôfsprakenburo, dy ferbynt my troch. Sa krij ik in stazjêre oan de line. Ik doch myn ferhaal en moat  wachtsje. Pas over twee maanden kunt u terecht. seit se; “En de secretaresse is met vakantie dus u kunt nu geen afspraak maken.”

Ja mar,” sis ik; “jimme hawwe dochs wol mear sekretaressen yn san grut sikehûs?” “Nu u het zegt,” seit se; “ik zal even verder zoeken.”

Yntiid wurd myn hân lam en ha ik skjin myn nocht.

Er is nog eèn mogelijkheid,” seit se; “het is een andere oogarts en de secretaresse is terug van vakantie.

Wat in gelok.‘ betink ik my; ‘dat wy net in slim ûngemak hawwe want dan moast earst it personiel wêrom komme fan fekânsje.

Dus minsken, krij gjin hingjende eachlidden as oare eachkrupsjes. Ha geduld oant de hjerst ta. Mei de tiid sil myn Adonis wer sjen kinne mei kleare blaue eagen. 

As soe it tsjinfalle wat hy sjocht?

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien