Diskriminaasje

Dat wurd letter neat mei dy…“, seit de man foar my.

Ik sit tsjin oer in strange, hurde man. Hy is de haadmaster fan de kristelike skoalle ùt myn doarp. Mei grutte  ferwitende eagen sjocht er my oan. It giet oer it lèste rapport; ik moat nei in ferfolch oplieding. Ik sjoch him tinken mei in djippe rimpel yn syn holle (“Wer moat ik mei dit bern hinne?“)

Ik moat ta jaan: ik wie net in learder. Ierdrykskunde en rekkenjen koe fan my stellen wurre. Mar  grammatika en taal koene se my wol wekker foar  meitsje. En as ik op  moandeitemoarn in psalmferske foar de klasse opsizze moast dan wie ik yngelokkich.

Yn myn jonge jierren wiene der noch al wat rangen en stânden. Mar ek ferskaat yn leauwen sa as tusken de herfoarmden en grifformearden. De herformden hiene de oerhân en siten yn hast alle bestjoeren, sawol yn it skoallebestjûr as yn it ferienigingslibben. { lokkich binne hja letter  ien wurren  de  P.K.N. } Boppedat wiene wy arbeidersbern en ek noch grifformeard dus kânsen wiene der net foar ùs. It ienichste  foar de famkes wie de hùshâldskoalle en foar de jonges de ambachtskoalle.  Sa wie dat dû, wy wiene net de ienichsten. We wisten net better. Diskriminaasje is fan alle ieuwen en alle tiden. It hat nea oars west. Lokkich binne hjoed oan ‘e dei mooglikheden genoch om jin te ûntwikkeljen en te ûntjaan.

En mei it famke is it goed kaam, moast it haad fan de skoalle es witte…

Mar hielendal is it slagge as har bern nei  har dea sizze: “It wie in minske om fan te hâlden.

One Comment on “Diskriminaasje

  1. Komt mij dochs bekend foar; wa hie tocht dat ik nog ris een gefangenisdirekteur en syn minsken advisearje soe? Ik net doe ik langs de doar guon mei diepfriesboekjes.

    En dat is mar goed ek; dat we net witte wat it libben foar us allegearre yn petto hat.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien