Facebook/Twitter

In soan sei tsjin syn mem: “Wat ha ik in freonen. Ik ha noch nea sa folle hân…

Wer binne dy dan?“, freget syn mem.

Op Facebook en Twitter“, seit ‘r.

Kinst sto dy dan en wisto dan wa dat binne?

Ja, we twitterje alle dagen.

Mar,” seit de mem, “hast se wol es sjoen as mei hun praten?

Ja hear, der stiet in foto by…

Myn soanen skine ek op facebook te sitten en ek te twitterjen. Ik besiikje my der yn te ferpleatsen –want ik wol by bliuwe fansels- en dit fenomeen begripe. Mar as ik al dy berjochtsjes lèz, dan snap ik der neat fan. Wat kin it in oar skille as ik kofje set as yn de sinne sitte wol?

Doe  Egypte yn oarloch rekke en de oerheid slùte it internet ôf, koene wy  alles folgje fia Facebook. Ek troch twitterjen bleunen wy  fan ‘e sitewaasje op ‘e hichte.  Geweldich, wat in ùtfining. Mar sa as it mei alle nije ùtfiningen giet, min moat er wiis en ferstânnich mei om gean.

Wat sil ik jûn foar reaksjes krije…

2 Comments on “Facebook/Twitter

  1. Ik kin mij sa herinnerje dat us memmeminske dat ek sei oer it skriuwen fan ferhaaltsjes yn een weblog… 😉

    Wachtsje mar; nog efkes en us mem is sosjaal media-ekspert.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien