Brutsen

Ja minsken: ik bin brutsen.

Wy hawwe in flinke tùn. Wa moat dy ûnderhâlde? Ik fansels. Myn man in bèste fint hear mar hy hat gjin weet fan tùntsjen. Wy hawwe jierren allyn in tûnman hân. ‘Pake Huver’ seine ùs bern. Wat in weelde wie dat. Hy wie in ùtsanearre boer fan fiif en sechstich jier. Hy woe graach wat om hânnen ha en wat wiene wy wiis mei him.

Wy begongen moarns mei in bakje kofje en om âlf oere namen wy in pear beerenburgjes. We hawwe him jierren hân, hy hearde by de femylje. De man libbet al lang net mear mar as ik yn de tùn dwaande bin tink ik mei weemoedigens oan dy tiid werom.

Dochs mei ik graach yn de tùn arbeidzje. Troch it skoffeljen en it skreppen yn de grûn kinne jo al jin gefoelens kwyt. Fertriet, grammoedigens en ûngedinens ferdwine geandewei. En wa kin jo better treaste en opmonterje dan de natûr sels? Dochs bin ik brutsen ik ha te folle hea op ‘e foarke naam. “Hoe fynst de tùn?”, freechje ik myn man. “Is er wat oan feroare?” freget er…

Dy keardels, je soene se. Lokkich ha ik er mar ien fan.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien