Fysio

“Samar bin ik blyn wurren”, seit de kreaze jongeman tsjin ùs. “Ik stie  mei myn maat heech op in ljedder in hûs te skilderjen. En ynienen seech ik neat mear. En nò sit ik hjirre en bin folslein ôfhinklik wurren.”

Wy sitte by Fysio yn de wachtkeamer. Myn man sjocht min en sa dwaande binne wy by Fysio terjochte kaam.  Keninklik Fysio is in lândelike stichting foar bline en minsjende minsken. Se helpe dizze minsken om mei hun fisueele handikap om te gean en it libben foar hun wat oangenamer te meitsjen. Sa hawwe sy ûnder oaren allerhanne helpmiddels wer ûnder lûpen om te lèzen en telefoans mei hiele grutte nûmers. Mar ek op it med fan pratende kompjûters, toetseboarden mei grutte wite letters.

Ik ha myn eagen ùt sjoen. It is op dit plak te folle om op te neamen. Sels spultsjes sa as damjen en kaerten; alles yn it grut. Se hawwe ek iepen dagen, de muoite wurrich om der es hinne te gean.

Ik kom de jongeman wer tsjin en freechje hoe as it mei him ôfrûn is.  Hy is dwaande om in tandem te kryen. “Ik ha wol kammeraten dy mei mij fietse wolle.”, seit er.

Wy geane nei hûs en krye in pratende kompjûter. Mei in hiel ferliedelike frouljesstim. Begrutlik: se kin gjin Frysk.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien