Strikken

Mids yn de lèste wrâldoarloch hippelje twa lytse famkes nei skoalle ta. Op hun holle stean grutte oranje strikken rjucht oerein. Mem hie se sa stevich yn it hier dien dat hja liken wol sjineeskes; de eagen stienen bryk yn ‘e holle.

Se hiene de opdracht krige: ùt noch yn mocht  ien oan de strikken komme. Hja wiene noch mar krekt yn skoalle as se moasten al op ‘e gong komme. By it Haad fan de skoalle stie in fremde man yn swarte klean. Hy moast fan de swarte man de oranje strikken ùt it hier helje. Mar it Haad sei: “Nè, dat doch ik net. Ik mei net oan myn bern komme.

Hy stjûrde ùs nei hûs en wy moasten dalik werom komme sûnder strikken. Mar ùs mem sei: “Der komme hoe dan ek strikken yn want Keninginne Wilhelmina is hjoed jierdei.” Dû kamen der grutte swarte strikken yn; in teken fan rou. We wiene noch mar krekt wer op skoalle as we moasten wer nei hûs. Ùs mem stie ùs al op te wachtsjen mei noch gruttere strikken nò wiene se wyt. Se sei: “Wyt is de kleur fan de oerjefte mar ek fan befrijing.

Wat wy dèr fan tochten? Myn suster fûn it in soad geskyt mar ik fûn it tige spannend dat ùs mem dat oandoarde. Dat wie wat… In died fan ferset fan in ienling der`t in hiele protte fan wienen yn Fryslân.

De skriuwster dizzes oan de linkerkant mei een grutte strik yn it hier.

3 Comments on “Strikken

  1. Mooi stikje, goeie died. Dat ferset sit noch altyd yn ‘e famylje-genen 😉

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien