Op libben en dea

troch Posted on 7 Comments 2 min read 301 views

aksterIer en betiid wurd ik wekker troch in protte geraas fan aksters. Yn de grutte beam achterhûs sit in nest jongen.

Ik draai my om en wol my der net mear oan steure. Mar it geraas wurd fûler. Ik moat er mar ôf en strompelje yn nachtklean mei in slûge kop nei bûten.

En ja hear; der sit in dikke reade kater ûnder de beam. Ik gryp de biezem en gean er achteroan. It aksterpear sjocht fan grutte hichte nei it wûnderlike minske ûnder de beam. Wat soe der yn hja omgean? Ik beslùt yn hûs te gean.

Mar as hiene se it yn ‘e gaten it geraas bejint op ‘e nij. Op bleate fuotten flean ik er hinne en nò is it de swarte kat fan de buorlju dy ûnder de beam sit. De flibe rint him ùt de bek en triljend stiet er omheech te sjen. Ik pak de moatteklopper en draaf achter it bist oan.

Letter op è dei sjoch ik de kat fan de buorlju lang ùt op de grûn lizzen mei in akster foar him en in akster achter him. Hy kin gjin kant mear ùt. “Dit is wrake.” tink ik by my sels. “Toe mar, jonges.” sis ik tsjin de aksters; “Set him op.” De kat jout ûnder fûl protest belies.  

Er komt in foldien gefoel oer my. Ik ha in keppel aksters it libben rêdden.

 “Wat in drokte. seit hy; “Aksters binne dochs rôffûgels?”

No èn …

Eachkorreksje

troch Posted on 10 Comments 1 min read 326 views

each“Do moast nei de eachdokter.” sis ik tsjin him.

Mei read trochrûne eagen sjocht hy my oan. “Ach, drippelje mar. Dan giet it wol oer.” seit er. Mar de moaie blaue eagen wer`t ik ien kear foar fallen bin binne read troch rûn.

En sa sitte wy efkes letter by de hûsdokter. Dy advisearet ùs nei de eachdokter te gean. Mar earst moatte wy in ôfspraak meitsje.

Ik krij it ôfsprakenburo, dy ferbynt my troch. Sa krij ik in stazjêre oan de line. Ik doch myn ferhaal en moat  wachtsje. Pas over twee maanden kunt u terecht. seit se; “En de secretaresse is met vakantie dus u kunt nu geen afspraak maken.”

Ja mar,” sis ik; “jimme hawwe dochs wol mear sekretaressen yn san grut sikehûs?” “Nu u het zegt,” seit se; “ik zal even verder zoeken.”

Yntiid wurd myn hân lam en ha ik skjin myn nocht.

Er is nog eèn mogelijkheid,” seit se; “het is een andere oogarts en de secretaresse is terug van vakantie.

Wat in gelok.‘ betink ik my; ‘dat wy net in slim ûngemak hawwe want dan moast earst it personiel wêrom komme fan fekânsje.

Dus minsken, krij gjin hingjende eachlidden as oare eachkrupsjes. Ha geduld oant de hjerst ta. Mei de tiid sil myn Adonis wer sjen kinne mei kleare blaue eagen. 

As soe it tsjinfalle wat hy sjocht?

Ùtstutsen hân

troch Posted on 0 Comments 1 min read 148 views

blompkeMyn buorfrou komt mei twa prachtige boeketten blommen oansetten. Har man en in kollega binne justerjûn wiidweidich huldige tr0ch de direksje. Hja wiene fiif en tweintich jier by it bedriuw.

Ik wit noch dat hy as jonge by de rinnende bân kaam. In aardiche stille jonge. ‘Hy sil it noait fier skoppe yn it libben.‘ tocht ik eartiids; ‘want hy is te beskieden.

Mar hy kaam yn ‘e kunde mei in frou dy yn in skieding lei. Hy krige mei har te dwaan en yn ‘e rin fan de tiid binne hja trouwd. Sy wie wol tritich jier âlder en hie twa bern. It houlik slagge wûnderlbaarlik goed.

Mar de femylje fan him wie der poer op tsjin. En woe neat mear mei him te krijen hawwe. As hja mekoar moeten bleun hy stean mei in ùtstutsen hân. Mar hja negearden him.

Ik sil hun wat sjen litte.” sei hy in kear tsjin my doe wy tegearre de hûnen ùt lieten. Mei stipe fan har en mei grutte ynset is hy opklom yn it bedriuw. Hy reizgjet nò oer de hiele wrâld en hellet grutte opdrachten  binnen.

Se binne op hynsterryd fekânsje gongen yn Italië. 

Mar de ùtstutsen hân wurd noch altiid negearre … 

Debat op 2

troch Posted on 0 Comments 1 min read 181 views

plugSjoch jimme wol es nei Debat op 2 ?  Ik wol. It binne nijsgjirriche underwerpen dy der behânnele wurde. De foar- en de tsjinparty komme beide oan it wurd.

Dizze kear gong it oer heiten as memmen as partners dy dement wurden binne. Ik kin der net goed oer want ik ferpleats my altyd yn dy persoan.

As jo noch by  folle ferstân binne dan moat jo al in wilsbeskikking by jo hawwe dat jo lichem nei jo dea net as wol nei de wittenskip giet. Wat hja wolle is dat ik nò by myn goeie ferstân in ding ûndetekenje dat ik eutenasy bedriuwe wol as it mis giet yn myn holle. Ik moat er nèt oan tinke dat myn man as bern fine dat it genoch west is mei my.

Myn mem waard yn har âldens èk demint. Mar wy as bern diene der alles oan om har nei it sin te meitsjen. Mei goeie medikaminten en in protte oandacht  hat se it noch hiel wat jierren lokkich libbe.

Dus, sibben; as it sa fier is jouw ik my yn betrouwen oan jimme oer.* 

*Mar tefoaren  in goed debat fansels want ik wol er by wèze. 

Tegearre diele

troch Posted on 0 Comments 2 min read 158 views

keiIen snein yn de simmer hâlde de menisten in Hagepreek. Dat wol sizze, in tsjinst bûtendoar yn it lân fan boer Yntema te Nijskoat. Dizze tsjinsten komme ùt de tiid doe hja ferfolge waarden om harren leauwen.

Snein wie it wer safier. It waar wurke net mei, de gearkomst waard ferskowe nei de skuorre. Under it gehoor fan de harkers tsjûgen ek de bisten dat se er mei iens wiene. As nèt, fansels. 

It tema fan dizze moarn gie oer Lukas 9Jezus fuoret fiiftûzend minsken mei fiif breaèn en twa fisken en se krigen allegearre sèd. Bern fan de sneinskoalle fan Wergea leine ùt hoe sy tochten wat der hjoeddeis mei bedoeld waard.  

Under de tsjinst makken hja fan doazen underkommens om sa oandacht te freegjen foar bern dy gjin dak boppe de holle hawwe.  Yn de moane July sille  bern fan ferskate tsjerken ùt Wergea sa  de nacht troch bringe om oandacht te freegjen en ùt solidariteitsgefoel foar de bern ùt Midden-Amerika.

Tegearre diele. Wat hâld dat yn foar ùs hjoeddeis?” freget de foargonger.

In frommeske flùstert my ta , “Ik ha noch foar twa wike in ynkommen. Ik bin ûntslein nei in hernia operaasje en myn kontrakt is nèt ferlinge. Ik kin gjin ùtkering krije om dat ik in eigen hûs ha. Mar ferkeapje dyn hûs mar es tsjintwurdich.” Hja sjocht nei de bern dy oan it bouwen binne en tinkt der it harres fan.

Dochs wie it goed om dit fanne moarn mei elkoar te dielen yn it ljocht fan Lukas 9: 11-17.

Op de achtergrûn bâlte lûd  de kij…

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien