Op besite

Der sitte wy dan iere betiid yn ‘ e auto fan de soan. Wy sille op besite nei in oare soan dy om ùtens wennet. Meastentiids komt hy hjir hinne mar no hiene se betocht: it moast mar oars om. Mar dat is altiid in hiel geregel want wy hawwe twa hûnen en hy hat trye katten. En it snoade is: se kinne hielendal net mei elkoar opsjitte. Foaral Max, dy wy eartiids ùt Jobbegea helle, ha is oars sa gemoedelik en guodlik mar dy katten mei hy perfoarst net lije. Miskyn sit der wol âld sear, witte jimme it? Dû ha ik de buorren mar frege, sy woene wol oppasse.

Sa dwaande gean wy op wei, myn man efteryn. Hy hat altiid sels riden en nò moat hy it oerlitte en dat fynt hy mar neat. Der wie net ien dy better ride koe as hy, fynt er. Ik jou my del en genietsje fan it prachtiche lânskip dat oan myn eagen foarby giet. It koalsiid stiet yn bloei yn kleuren der`t in skilder net oan tippe kin. Sa sit ik te mimerjen en foar dat ik it troch ha binne wy te plak. Nei de kofje giet de barbecue oan en mei in wyntsje der by fleant de dei om.

It wie in dei mei in gouden rântsje.

En wat de hûnen oanbelanget sy binne noch nea sa folle ùtlitten , minsken en bisten binne dik tefreden wat wolle wy mear !


One Comment on “Op besite

  1. Ja, dat wie tige gesellich. De tiid hald gjis skoft; it is al wer een hiele wike werom.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien