Lokwinsken Mar miene jo it ek?

Lokkich nijjier en folle seine!’, ‘Noflike krystdagen!’, ‘Prettige kerstdagen en een heel gelukkig nieuwjaar!’ ropt myn buorfrou oer de hage. De winsken binne dizze dagen net fan’e loft. Ik wit wol; it wurdt mei goeie bedoelings dien. ‘Mar is it wol miend?‘ tink ik faaks. By guon minsken net mar der binne grif wol dy it [Lês mear »]

‘Tiden hawwe tiden’

Oant ein fan dit jier oersjoch ik myn ‘tidenhawwetiden‘ noch es. Dit jier hat my fan alles brocht, sa wol wille as fertriet. Mar hjir koe ik myn aai kwyt. Tûzend kear ha ik my foarnaam; ik hâld er mei op. Ik krige minder lêzers en foarby gongers. “De minsken binne op my ùtsjoen.” sei [Lês mear »]

Mankelikens

Foar dat ik oan it nije jier begjin mei ik graach efkes werom sjen. Sûnder dat ik it wol komt er in gefoel fan mankelikens oer my. ‘Dy gefoelens binne foar âlde minsken‘ ha ik altyd tocht. Mar no doch ik er sels oan mei. Tinzen oan wat it my brocht hat en wat ik [Lês mear »]

Samler

Ik bin in samler. Net fan aaidoppen, teepôtten as jiskebakken mar fan it dregere wurk. Ik garje dakpannen. “Wêrom dakpannen?” sille jimme sizze. Ik rûn es oer de Dracht en der waard in âld winkelpand sloopt. In grutte container stie midden op ‘e dyk en alles waard der fan grutte hichte ôf yn smiten. Boppe [Lês mear »]

Advintsferhaal

Naamloos-1“Wolst  in advintsferhaal fertelle?” frege it bestjûr fan de frouljusferieniging. De Advintsjûn komt er wer oan en dat giet al jierren sa.

Foar de pauze in Nederlândsk ferhaal en dernei in Fryske. En dat mei ik jier yn en jier ùt dwaan. Se moatte koart wêze fan ynhâld hawwe en net te dreech. Troch de jierren hinne bin ik troch de Fryske skriuwers hinne.

Dan moat ik sels mar los.‘ betink ik my. Nei in protte stinnen komt it ferhaal der ùt.

It is in ferhaal wurden ùt de oarloch wat ik as bern meimakke ha. De earste rigels stean op papier. Hoe fierder ik  yn de tiid werom gean hoe mear de kontoeren dùdliker wurde.

Ùs heit siet yn in fersetsbeweging. Ùs mem koe net oer ferried en ûnrjochtfeardichheid en ferprate har noch alles. En dan moast it wer rjocht breide wurde om ùs heit net te ferrieden. It is in oangripend ferhaal wurden en elke Advint moat ik it wer fertelle.

It hat de frouljusclub wol in lid koste: se fielde har troch it ferline oansprutsen. Nei hast sântich jier is de groede noch net hele, tink ik fernuvere.

Wolst dat Advintsferhaal noch es dwaan?”  freget de foarsitter.

En ik, ik meitsje it noch spannender. Sa  kin it ferhaal noch jierren oan it neigeslacht troch jûn wurde…

Read more

Max

“Kom jonge, we moate der efkes ùt.” sis ik tsjin de hûn. Hy leit lang ùt op it flierkleed yn in stripe sinne.De kop komt efkes omheech en lit him dan wer falle. Hy wurd âld en min te rissen. Dôve as in kwartel, oan myn meneuvels sjocht hy wat er barre moat. Santsjin jier [Lês mear »]

Akkodearje

“Sy is fannacht ferstoarnt.” seit de stimme troch de telefoan. Sûnder emoasjes wurd it sein. Mar de rêst fan de dei is yn ienen fuort. Ik gean sitten. Myn hannen trilje. Yn gedachten gean ik it libben fan ùs beide nei. Troch trouwen wiene wy foar ùs libben oan elkoar ferbûn. De earste yndruk foel al [Lês mear »]

Woldiedichheid

It is wer safier; alle ynstânsjes dogge in berop op ùs. Op ùs beurs mar foaral op ùs ynmoed. Altyd as novimber, decimber der oan komt is it raak. Ik ha der wol ris nei frege wat dat no is. It andert wie: it rint tsjin krystiid en it jier rint op it ein. Dan [Lês mear »]

Flecht op `e koai

Der is noch al wat geande yn de sektor soarchtehûzen hjoed-de-dei. Troch steatssekretaris Van Rijn syn heit is de âldereinfersoargings wer op `nij ûnder  de oandacht kaam. Dat die my tinken oan ùs mem. Doe sy demint waard kaam sy troch in protte omtoarkjen yn in tehûs foar sok soart pasjinten. Earst wie se dea [Lês mear »]

Bienvenido!

“Kin mem ùs ek in pear dagen hawwe ?” freget de soan; “”We nimme ùs beide bern mei as it goed is.” De bern, dat binne twa hûnen dy net sa lang allyn ùt Spanje kaam binne. Mei in bestelbus fol binne se hjir oankaam. Twa binne hun ta wiist. Ik moat sizze: it binne skatten. [Lês mear »]

>