Wat seist, leave?

De Provinsjale Ferkiezingen komme der oan. Noch efkes dan kinne wy gjin radio as televysje oansette as der is wer in minister as steatssekretaris oan it wurd. Hja belove ùs fan alles: it sil allegearre better wurde foar elkenien. De sûnenssoarch, de wurkleazens en de kriminaliteit, ensafuorthinne: it sil allegearre better wurde. De earste oftraap [Lês mear »]

Bijbliuwe

“Bijbliuwe.” seit men. Foaral by it âlder wurden. Och, wat doch ik myn bêst om bij te bliuwen. Op ferskate manieren besiikje ik bij te bliuwen. Sa wol  op it terrein fan  de polityk  technyk as  op maatskiplik  flak. Ik ha nea in stjer west yn learen. Allinnich op it mêd wer`t myn interesse op dat stuit [Lês mear »]

Boukje

“Kom hjir!” ropt er histerysk. En noch es. En noch es ropt er mar Boukje is dôf. Op it stikje grien om it fersoargings-sintrum hinne mei se har ùtfleane. Dat giet allang sa. Sûnt syn frou koartlyn ferstoar is binne se op elkoar oanwezen. It wie altyd har hûn, fan him moast Boukje neat hawwe. [Lês mear »]

Michiel de Ruyter

Hawwe jimme de film fan Michiel De Ruyter al sjoen? Ik net mar ik sil er hinne. Ik bin ommers nei him ferneamd! Ùs nationale held De Ruyter, de namme wert ik myn libben lang  grutsk op west ha. Op skoalle al… ik wie net in De Vries, in Dijkstra as in De Jong mar in De [Lês mear »]

De sjoernaliste Op har plak.

Naamloos-1As wie ik net fuort west giet se wer fierder mei har ferhaal. “Wer wiene wy ek al wer bleaun?” freget se dan en sjocht my freegjend oan.

Ik bin by myn muoike. Eltse wike op tongersdeitemiddei gean ik by har lâns en dan hawwe it oer eartiids doe sy as sjoernaliste by de Hepkema’s Krante (ek wol ‘De Hepkema’) wurke.

Hûnderd út ferhelle se dan oer har ûnderfinings as sjoernaliste. En dat wie wat as iennige frou yn in mannewrâld. We hawwe it oer it jier 1929; de emansipaasje wie noch lang net yn sicht.

Se kaam fan de H.B.S. en soe yn de biblioteek wurkje. Se hold fan boeken en lêsde in protte. Mar nei in skoftke ferfeelde har dat.

Troch kontakten kaam se yn oanrekking mei de krante. Se krige in keamer boppe in tabakssaak en koe daliks begjinne.

Se hat it dreech hân, it wie ommers in manlju’s bastion! Se mocht allinnich de gearkomsten fan de plattelânsfroulju ferslaan. It ynteressante barren gong nei de kollega`s -mannen-  Oant se brânen en plysjesaken dwaan mocht… Doe wie se op har plak.

“Nije wike gean we fierder.” sei se dan; “We binne noch lang net útpraat.”

De sjoernaliste. Ien- en njoggentich is se wurden.

Read more

Frijwilligerswurk Ferhip mar.

Ik ferhip it.’ seit de jongeman tsjin my. ‘Wat ferhipst sto?’ freegje ik him. ‘Troch dat ik in útkearing krij, wurd ik foar alles ynset. En dat wol ik wol, want ik bin net lui. Mar no sit ik mei in hernia thús. Ik moast kasten fersjouwe yn de Lege Knip. Der fiel ik my [Lês mear »]

Oardielje net it is dochs oars...

index

Ik seach op it nijs (spiegeltsje) in man gûlen: syn winkelpand en hûs stie yn ljochte lôge. Hy sei skriemend: “Fjouwer generaasjes ha der yn wenne en wurke.

Der stie hy yn in sportbroek en T-shirt. Oars hie hy neat mear, allinnich wat hy oan hie.

De kritiken wiene net fan de loft. De saken gongen minder de lêste tiid “Hy sil sels de brân wol oanstutsen hawwe.” Der stienen se; man, frou en bern mei de earmen om elkoar hinne. It hat my rekke.

Ek wy binne es alles kwyt rekke.

Net troch brân mar troch fallisemint. Troch korrupsje, oplichterij. Troch minsken dy wy blynwei fertrouwden. Ek ùs bedriuw kaam ùt de 18e ieu en hawwe hûnderden minsken yn ûnderhâld fersjoen.

“Ek wy hiene it safier komme litten.” sei men; “Eigen skuld.” It hat ùs libben in hiele oare slinger jûn, dat moat ik sizze.

Mar minsken: oardielje net want wat hinget jimme sels noch boppe de holle? It ferhaal derachter is jim ûnbekend.

Begryp en meilibjen, dat fersêftet al in bult.
Oardielje net!

Read more

>