Woldiedichheid

Jild!It is wer safier; alle ynstânsjes dogge in berop op ùs. Op ùs beurs mar foaral op ùs ynmoed. Altyd as novimber, decimber der oan komt is it raak.

Ik ha der wol ris nei frege wat dat no is. It andert wie: it rint tsjin krystiid en it jier rint op it ein. Dan wurde de lju oars, weakich en emosjeneler. As er wat te heljen is dan moat jo der by wêze.

Ik ha der eltse kear muoite mei. Ik fiel my skuldich (“Ik ha alles en sy hawwe neat.”) En dat hawwe dy organisaasjes ek troch.

Om mar in pear te nimmen: Artsen zonder Grenzen, Ebola (Giro555), Kankerfûns, Helphûnen en Hartstifting ensafourthinne.

Wat wie dat eartiids doch ienfâldich. Op it ein fan `t jier kaam de krystlist fan de sneinskoalle lâns.

Ik sit foar de tillefysje en de safolste needgjalp leit beslach op my. “Hie ik mar in protte jild, dan krigen se allegearre wat.” betink ik my. “Wer sil ik dizze kear oan jaan?” freegje ik my ôf.

Woldiedichheid hat sa syn prioriteiten mar wer leit de grins?

Jaan nei dyn bêste fermogen… soe dat it wêze?

Diele mei:

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien