Wurkjouwer

Dit moat hjoed klear, hear. En oars dochst mar sa lang troch dat it klear is.” Ik ha in strange baas, myn hiele libben lang. It is altiid de selde wurkjouwer west. Ik tink dat it al hiel jong der yn ramme is. Ik ha in broer, syn dagen binne te koart. Myn suster kin osa genietsje en noflik ûnderùt sitte. Wat liket my dat moai ta.

Wèrom bin ik har nèt en sy my?

Myn heit wie ek san bealger. Hy hie in goeie namme omdat it in wrotter wie. Soe hy wol fan dy moaie rèstiche mominten yn syn libben kent hawwe? Myn man en bern wurde soms simpel fan my. By nacht meitsje ik it programma klear foar de oare dei. Dat kin fan alles wèze; meane, glêzenwoskje, hûn ùtlitte en sa foart hinne.

It sil oars. Ik moat mar es nei in psychiater ta. Soe it in foby wèze kinne? It lèste eintsje fan myn libben wol ik foar myn sibben in bestindich, ynbannich minske wèze…

Earst moat dit stikje ôf en dan moat ik oan it wurk. Soe myn baas tefreden wèze?

5 Comments on “Wurkjouwer

  1. It is neffens my it bêste dysels te bliuwen;-)))

  2. Ik was ook altijd een werker, stilzitten dat was niks voor mij.
    Maar ja, mijn lichaam en geest dachten daar toch anders over.
    Mijn dagen zijn ook veel te kort want ik heb wel 20 uur nodig met op gang komen.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien