Yndentitiidskaart

Fan myn boargerlike gemeente krige ik skriuwen dat ik in nije yndentietiidskaart oan freechje moast. Dat wie geskikt fan hun. Ik hie der net oan tocht. Sa stean ik de oare deis foar it loket. Earst in nûmerke lûke, der is gjin kop te bekennen. Nûmer sânhûnderd stiet op myn briefke. “Wer soene dy 699 weze?” [Lês mear »]

Hegedrukspuit

‘Ik wol in hegedrukspuit hawwe.‘, sis ik. “Yn koartens is it myn jierdei en as jimme my dan mei elkoar san ding jouwe, dan is dat in moai kado.” Hja sjoche my fernuvere oan. “It kostet ùs jild. Jonges, meitsje jimme mar klear.“, seit myn man; “Ùs mem wol wer wat.“ Ik ergerje my al lang [Lês mear »]

Grien

Alles moat grien wèze hjoed de dei. Want dat is pas natuerlik. Griene taksjes en bussen, griene tsies, griene aaien en griene stream. It moat allegearre ECO wèze. En yn dat ramt wol ik ùs tùnskuttings ferve. Grien fansels. “Moat dat nò?” seit myn man; “dat diene wy in ieu allyn ek al.” “Nò,” sis [Lês mear »]

Strikken

Ik dûnse nei skoalle ta. It wie myn dei, myn jierdei. Grutte feestlike strikken yn it hier en de eagen heal ticht (de strikken moasten de hiele dei stiif sitten bliuwe). Hjoed soe ik es opfâlle. It wiene altiid oare bern dy it foar it sizzen hiene. Mar nò wie ik oan bar. En sa [Lês mear »]

Wurkjouwer

“Dit moat hjoed klear, hear. En oars dochst mar sa lang troch dat it klear is.” Ik ha in strange baas, myn hiele libben lang. It is altiid de selde wurkjouwer west. Ik tink dat it al hiel jong der yn ramme is. Ik ha in broer, syn dagen binne te koart. Myn suster kin osa [Lês mear »]

Jierdei

“Lokwinske, hear.“, sis ik tsjin de oanwèzigen. Ik jou se in hân en op elk ear in tùt. Trije, dat dogge se hjoed de dei. (Werom trije? Sneu foar it iene ear want dy kriget mar ien.) Hawar, der sitte wy dan: it toetsenboard, it skerm en de mûs. Wy binne op ‘e jierdei by Tiden [Lês mear »]

De koer

Max en ik bringe  in berg âld papier nei de container. Dat doche wy geregeld. Neist de papiercontainer stean noch twa  fan dy dingen; de iene foar flessen en de oare foar klean. En dat is it him nò. Min set er fan alles del. Yn de jûntiid ferhùzje en dan yn it tsjuster de [Lês mear »]

Obesitas

Wy sjogge nei in programma oer Obesitas; minsken dy ofgryslik dik binne. Hoe ha se it safier komme litten, betink ik my. “Soene wy der ek net wat oan dwaan moatte? Wy binne ek al aerdich op wei.“, sis ik. “It falt mei my wol ta. It sit my net yn de wei.“, seit er. [Lês mear »]

Untslein

Hy is wer thus. Untslein ût it sikehûs. Unwennich stiet er yn de keamer. “It is hjir oars. Hast de keamer feroare?” Ik moat ta jaan: de wike dat er foart wie ha ik my goed ùt tjirge en alles op ‘e kop setten. It meubilèr stiet oars: banken en tafeltsjes stean op in oar plak. [Lês mear »]

De telefoniste

“Atsje, jo krye moarn in iter, hear.“, sei de telefoniste tsjin ùs mem. Yn dy tyd hiene wy yn ùs doarp in postkantoarke mei in telefoniste dy alles wist fan de ynwenners. Sy siet dan yn it kantoar foar in grut boerd mei allegearre gatsjes en razend fluch stuts sy de de stekker yn al [Lês mear »]

>