Strikken

Ik dûnse nei skoalle ta. It wie myn dei, myn jierdei. Grutte feestlike strikken yn it hier en de eagen heal ticht (de strikken moasten de hiele dei stiif sitten bliuwe). Hjoed soe ik es opfâlle.

It wiene altiid oare bern dy it foar it sizzen hiene. Mar nò wie ik oan bar. En sa stie ik letter foar de klasse fier rjocht op. De hiele klasse song my ta; “Lang zal ze leven”. As kado kryg ik in skrift mei oranje kaft en in foto fan Keninginne Wilhelmina der op. Wat wie ik grutsk!  Einlings seagen se my stean.

Der waart fierders thus net folle oandacht oan bestege. It wie ommers it earste jier fan de oarloch. Allinne myn beppe die der wat oan want ik wie nei har ferneamd. Dochs hie ik in hekel oan dy beppe, sy wie in hurd minske sûnder leafde. Dy oare beppe, dat wie in skatsje mar myn suster waard nei har ferneamd. 

Myn jierdei  komt er oan. Dat lytse famke mei dy grutte strikken yn it hier is neat feroare… nò ja ;-D

7 Comments on “Strikken

  1. Wat in prachtige foto! En ja de famkes beide in moaie grutte strik yn’t hier. Die hie ik ek doe’t ik lyts wie, yn’e wike in kleurige strik en sneins in moaie wite strik

  2. Dat kleine meisjes is niet veranderd? of… ze draagt geen strik meer.

    Gek dat die strikjes nooit meer in de mode zijn gekomen.
    Of is dat niet zo gek, als het zo strak zit… bah!
    Maar wel een prachtig plaatje!

    • Deze foto werd gemaakt om dat mijn vader het wilde. Hij ging in het verzet en was bang dat hij op een dag niet terug zou komen. Maar na een maand spoorloos zijn kwam hij als een andere persoonlijkheid terug.

  3. Ja, as je ferneamd wienen hiene je wol in streekje foar by dy beppe of pake. Ferskrikkelijk, dy strikken. Wy hiene se lokkich net.
    Dy heit, links op de foto wie syn tiid wol fier foarut mei syn ‘hanekapsel’.
    En jarig Jetje mocht trakteren, Ulevellen nam ze mee, moaie herinnering.

  4. Wat in moai tiidsbyld! lokkich binne de strikken
    ferdwûn;-)!

  5. Oh, een moeilijk moment foto.
    En die terugkeer, zal wel heel moeilijk zijn geweest, je vader is niet meer je vader zoals je hem kende.
    Moedig dat hij in het verzet ging, ontzettend moedig.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien