De koer

Max en ik bringe  in berg âld papier nei de container. Dat doche wy geregeld. Neist de papiercontainer stean noch twa  fan dy dingen; de iene foar flessen en de oare foar klean. En dat is it him nò. Min set er fan alles del. Yn de jûntiid ferhùzje en dan yn it tsjuster de brot by de containers sette. Sa fyn ik somtiden hiel nijsgjirrige saken.

En nò stie der in hiele grutte reidenkoer kompleet mei lid. Ik wie ferkocht. Ik ha wat mei reid. Ik tink dat it fan eartiids komt. Doe wie hast alles fan reid; reiden matten foar stuollen as flier mar ek reiddutsen dakken en noch folle mear. It strielde waarmte ùt mar wie ek goedkeap. Ik kin him net stean litte. De hûn byn ik om ‘e mul en sa sleep ik de koer nei hûs ta. Myn man sjocht my oankommen en skothollet. “Wer moatte wy mei dat ding hinne?” ropt er.

Fan wa soe hy west hawwe der bin ik nijsgjirrich nei…

LÊS EK:  Onder De Linden
  • LOL,
    ik zie je al slepen met dat rieten geval.
    Meteen onder de douche ermee, met een staalborstel, al het stof eruit boenen!
    Maar misschien was ie wel van een heel schone mevrouw die altijd al boende.
    Misschien op een avond langs de huizen lopen en kijken wie een lege plek in de kamer heeft.

  • goedemorgen Wokke,

    Ik geniet ontzettend van jou prachtige verhalen,

    lieve groet, Clasien

  • >