Obesitas

Wy sjogge nei in programma oer Obesitas; minsken dy ofgryslik dik binne. Hoe ha se it safier komme litten, betink ik my.

Soene wy der ek net wat oan dwaan moatte? Wy binne ek al aerdich op wei.“, sis ik. “It falt mei my wol ta. It sit my net yn de wei.“, seit er. Hy fynt fan him sels dat hy noch aerdich mei komme kin. Mar ik sjoch him jier nei jier ùtdijen. “Wy moatte mar in diètiste yn earm nimme,” bring ik op it aljemint; “it moat wol mei begelieding.

Nò, as it mar in aardich jong wyfke is…” seit er; “der ha ik wol honger yn ‘e hals foar oer. Mar dan jûnslet net mear ta it friesfak, hè?“, sis ik. We meitsje in ôfpraak, we steane tegearre sterk.

Hear ik de kuolkastdoar nèt? Ik liz op bed en fertrouw de saak net. Ik gean nei ûnderen.

Wat hasto lekkere âlde tsiis. Wolst ek in stikje?”

(..)

2 Comments on “Obesitas

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien