Jierdei

trochPosted on 10 Comments2min read2816 views

Lokwinske, hear.“, sis ik tsjin de oanwèzigen. Ik jou se in hân en op elk ear in tùt. Trije, dat dogge se hjoed de dei. (Werom trije? Sneu foar it iene ear want dy kriget mar ien.) Hawar, der sitte wy dan: it toetsenboard, it skerm en de mûs.

Wy binne op ‘e jierdei by Tiden hawwe Tiden. Hja is hjoed twahûnderd jier wurden. Sis mar twa hûnderd stikjes allyn is sy berne. En dat woe se mei ùs fiere mei kofje en Oranjekoeke.

We prate oer de tiid, hoe fluch dy gong is en wat wy sa al belibbe ha. Tiden hawwe Tiden ferhellet fan grappen, argewaasje en fertriet mar ek fan blidens. Alles wat in minske yn syn libben oerkomme kin. Wat is it gesellich. De mûs seit; “Komt er ek noch wat oars op ‘e tafel?

En sa sitte wy efkes letter oan de Boerejonges en de Advokaat. Nùtsjes, woarst en de tsjiis hat se yn pantsjes dien.

Hoe sjogge jimme de takomst?“, freget Tiden; “Moatte wy op de selde foet troch gean?” Alle trije sizze wy yn koar; “Salang it ark it docht en net ien fan ùs demint wurd… troch gean.

It wurdt tiid dat wy nei hûs gean. It skerm wurd dizich, it toetsenboard hat de letters net mear op ‘e rige en de mûs wurd seuderich. Wat bin ik dochs wiis mei dizze maten. Hoe lang noch Tiden hawwe Tiden?

De tiid sil it leare…

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest

10 Comments
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments
Soan D.

Lokwinske, us memmeminske! Bliid dat jo bliid binne mei dit medium. En foarol trochgean… oan de reaksjes te sjen binne mear minsken bliid mei Tiden.

Dat der noch mar folle stikjes komme meie!

Skol!

Soan D.

Graach dien, hear. Ea komt ‘r een tiid dat ik hjir ek stikjes skriuw mar sa fier is ‘t noch net. Oan’t dy tiid moat us memmeminske it fan mien kommentaar ha. ;-D

Sjoerdtsje de Vries

Fan herte lokwinske mei jo 200ste skreaune stikje. Ik winskje jo en jo lêzers ta dat der noch hiel folle stikjes by komme.
Ik mei se yn elts gefal graach lêze. Tige tank!

Fries om utens

Op naar de volgende 200 :-D!

Appelvrouw

Nooit twijfelen aan je eigen kunst hoor, ik lees er graag nog een paar van je. En die vieze Friese oranjekoek hoef ik niet. Doe mij maar een boerenadvocaatje.

babbelegoegje

Lokwinske, memmeminskje, en noch folle stikjes yn sounens en wolwêzen. Ik lês se ek altyd graach. En jouw de mûs ek mar in tútsje fan my.
Oranjekoeke giet er hjir wol yn,ek wol by de hollanske oantrouwde familje.Dat it ‘vies’ wêze soe, leit dus oan appelwyfke sels. (knypeagje)

Previous
Moarnsbrogge

10
0
Would love your thoughts, please comment.x