Hegedrukspuit

Ik wol in hegedrukspuit hawwe.‘, sis ik. “Yn koartens is it myn jierdei en as jimme my dan mei elkoar san ding jouwe, dan is dat in moai kado.” Hja sjoche my fernuvere oan. “It kostet ùs jild. Jonges, meitsje jimme mar klear.“, seit myn man; “Ùs mem wol wer wat.

Ik ergerje my al lang oan it smoarche terras. “Goai er mar in amer mei bleekwetter oer hinne. Der wol ik graach oan mei betelje.“, seit de soan. “Nè, dat is nèt goed foar it miljeu.“, sis ik. Nei wat sefte druk fan myn kant (sa as froulju allinnich mar kinne) komt er in hegedrukspuit. Enthousiast begjin ik de doaze ùt tepakken. Al gau leit de tùntafel fol mei ûnderdielen mar wat past nò yn elkoar? De hantlieding er by mar der kin ik neat mei wurde. Yn alle talen stiet it beskreun mar net yn it Nederlânsk, lit stean fan it Frysk. Myn buorman heard my stinnen en kryt meilijen. Al gau gean ik los. Wat knapt it der fân op. Ik bin net mear te hâlden.

Soest net ophâlde? Der is gjin ferve mear op it raamwurk en gjin sân mear tusken de tegels!“, ropt myn man.

Wat is it kreas wurden. Ik bin grutsk op mysels. Dat mei dochs ek wol es sein wurde.

2 Comments on “Hegedrukspuit

  1. Mooi gedaan hoor, gewoon je zin doordrijven en dan aan de slag. Anders komt er niets van.
    Mannen snappen niets van schoonheid! (of reinheid).

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien