Moatte jimme es sjen.” Entûsjast komt de soan om `e hoeke fan`t hûs. “Wy hawwe in kado foar jimme beide.”
Ta myn grutte argewaasje sjoch ik in skoetmobyl stean. “Foar ùs?” kin ik er noch krêkt ùtbringe.
“Ja,” seit er; “we woene it jimme wat nofliker meitsje. It rinnen wurd wat dreech foar jimme.”
“Ja mar,” sis ik; “ik kin noch hiel goed ùt de fuotten komme.”
“It is goed as jim der optiid by binne. Dan kinne jimme der mei omgean as it nedich is.” seit er.
Ik sjoch oan him dat de reaksje ferkeard falt. Hy hat er dagen mei oan it pielen west. Hy tocht dat ik bûten skroeven wêze soe fan blidens.
“Jonge,” sis ik; “as it sa fier is sille wy der fêst hiel bliid mei wêze. Mar wy moatte oerâl oan wenne; gehoarapparaten, stokken, rollators. It is in grutte stap foar ùs. Moast mar in bytsje geduld mei ùs hawwe. Ik sjoch oan him dat hy it noch ferwurkje moat.“
“Tankje wol,” sis ik; “ik bin grutsk op jimme. Op jimme noed foar ùs.”
De skoetmobyl stiet yn `t hok te wachtsjen. Oant syn tiid kommen is…