Skoetmobyl

troch Posted on 10 Comments 1 min read 182 views

AMBA0240 (1)

“Moatte jimme es sjen.” Entûsjast komt de soan om `e hoeke fan`t hûs. “Wy hawwe in kado foar jimme beide.”

Ta myn grutte argewaasje sjoch ik in skoetmobyl stean. “Foar ùs?” kin ik er noch krêkt ùtbringe.

“Ja,” seit er; “we woene it jimme wat nofliker meitsje. It rinnen wurd wat dreech foar jimme.” 

Ja mar,” sis ik; “ik kin noch hiel goed ùt de fuotten komme.”

“It is goed as jim der optiid by binne. Dan kinne jimme der mei omgean as it nedich is.” seit er.

Ik sjoch oan him dat de reaksje ferkeard falt. Hy hat er dagen mei oan it pielen west. Hy tocht dat ik bûten skroeven wêze soe fan blidens.

Jonge,” sis ik; “as it sa fier is sille wy der fêst hiel bliid mei wêze. Mar wy moatte oerâl oan wenne; gehoarapparaten, stokken, rollators. It is in grutte stap foar ùs. Moast mar in bytsje geduld mei ùs hawwe. Ik sjoch oan him dat hy it noch ferwurkje moat.

Tankje wol,” sis ik; “ik bin grutsk op jimme. Op jimme noed foar ùs.”

De skoetmobyl stiet yn `t hok te wachtsjen. Oant syn tiid kommen is…vroem

 

  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  

Jou in reaksje:

  Abonnearje  
Nijste Âldste
Notify of
anne van londen
Guest
anne van londen

hoi Wokke je zoon heeft wel gelijk ik zie je wel eens lopen ,dat gaat niet zo makkelijk meer ,als ik zo vrij mag zijn , ga hem lekker gebruiken je hoef je niet te schamen ,je moet geen heupen breken want dan ben je verder van huis ik zie om me heen mensen steeds vallen en komen dan op bed te liggen in verzorging tehuis daar wil je niet zijn in deze tijd (zit je een half uur op de po) ben je verder van huis. en zo kan je ook wat verder weg komen even naar Oranjewoud het… Lês mear »

Janke
Guest
Janke

Gewoan in bytsje opfoere, tante Wokke!

Elske
Guest
Elske

Hoe hurd wol der?

Elske
Guest
Elske

Jo bern passe goed op jim. Jo kinne in soad genot ha fan sa’n ding.

Op de spiegels ride moat je al efkes oefenje sa te sjen.
Jo kinne miskien ek it boekje “Rijwijzer met uw scootmobiel” fan Veilig Verkeer Nederland út de biblioteek liene.
https://vvn.allsolutions.nl/default.aspx?qvId=217528&qvCrc=klphojbkdaxiRklR&qvAdapterId=5bcc44aa-c854-45c1-b88a-588c6154589b

Soan D.
Guest

Sjoch, Elske en Anne tinke mei. Altyd goed 😉

Hjoed mar efkes op ‘e skoetmobyl, us memmeminske? ‘t Is moai waar.

Elske
Guest
Elske

Wat tinkst, soe se it opredde? 😉

Soan D.
Guest

It is altyd wer ofwachtsjen. De kompjoeter hat ek lang duorre en sjoch no ris wat se er allegearre mei kin 😉

Appelvrouw
Guest

Wokke, ik zie dat je er toch pret om hebt, je beheerst hem al aardig.
Niet te lang in het hokje laten staan want dan overkomt je hetzelfde als mij: defecte accu 🙁 op het moment dat je hem nodig hebt.

trackback

[…] Myn skoeter stiet yn`t hok  en kin noch krekt de rollater sjen. Se knypeagje nei elkoar en sizze  sùntsjes: “We komme beide wer`t wy wêze moatte.” […]

trackback

[…] in drokke wei en op freedtemiddei stean ik stil. Ik bin op de skoetmobyl en soe gau efkes boadskippen […]

Previous
Langsme

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien