De Famylje

Fyftich euro

troch Posted on 1 Comment 1 min read 988 views

max_ollieÙs Max is sântsjen jier by ùs mar it begjin fan syn libben wie in minne start. Hy waard oanbean yn de Feanster Krante foar fyftich euro. We koene him ophelje ùt Jobbegea.

Noch gjin jier âld en al fjouwer adressen hân. De klacht wie dat hy altyd fuort rûn.

En omdat Jelle -in Welsch Springer- krekt ferstoarn wie krige Olly, ùs oare hûn, selsskip.

Yn it begjin wie it oanpassen sawol foar him as foar ùs.

Mar al gau wie der thùs. Hy hie noch wol es oanstriid om achter de katten oan te gean. Mar dy hiene algau yn`e gaten dat it neat om `e hakken hie.

Wat er ek barde yn ùs libben, oan fertriet as blidens, hy wie der by. Hy hâld ùs oan de tiid, sa let ite, sa let ùtlitte. As ik de jas mar oan die woe hy mei. Sneintemoarns nei `t tsjerke en dat wist hy, dan koe hy net mei en krûpte yn `syn koer.

It rint no op in ein. We hawwe nachten by him wekke mar wy witte; it hâld in kear op.

Sûnder betinkst hâlde fan. It is net yn jild ùt te drukken.

Fyftich euro...

Gurbe

troch Posted on 1 Comment 0 min read 1105 views
gurbeAl dagen hie ùs heit it er oer; wy soene mei de krystdagen wat bysûnders ite.

"Wat krije we dan?" frege  ik. "Dat sjochst wol." sei er unfersteurber.

By ùs mem kaam ik ek neat te witten. Se hie al dagen in skûteldoek yn `t hok hingjen mei in panne der ûnder. Dat wurdt "Jan yn 'e Pûde", dat wist ik wol. Wat efterbleaun fan de sûpe waard in neigesetsje in soart fan kwark mei beisop.

De tafel wie feestlik fersierd mei beppe har lekken dy`t se noch lizzen hie.

Einlik gong ùs heit oerein en kaam efkes letter triomfantlik de keamer yn.

Hy begon te snijen mei in grut mes wat er altyd by him droech.

"Wat is dat foar bist?" frege ik mistrouwend.

"Dat is Gurbe." sei er. "Hy hie nò it goeie gewicht."

Ik moat kokhalzje en stoarmje oerstjoer de keamer ùt.

'Gurbe'. Wert ik it hiele jier op past hie. Alle dagen syn hok skjin makke hie en middeis nei skoaltiid sochten wy tegearre knineblêdden.

Gurbe wist alles fan my. Ik fertelde him myn famkesdingen dy ik oan nimmen ea sizze soe.

Der hat nea wer in 'Gurbe' west ...

Ach... Krysttiid 1944.

As ik dij net hie

troch Posted on 7 Comments 0 min read 1087 views

dunsje"As ik dij net hie." seit er en giet efter my stean.

Ik bin drok dwaande mei de stofsûger wer`t wat ynsit wat der net yn thùsheard.

Noch ris seit er; "As ik dij nèt hie."

"Hoe sa?" sis ik, "Dan hiest in oar frommeske hân. En miskyn wol ien dy`t folle skranderder en kreazer wie dan ik."

"Nè," seit er twingent; "ik bedoel dij. Doe ik dy foar it earst seach tocht ik; 'dit is se.'

Ik set de stofsûger del en sis; "Is it no net wat let om dat te sizzen? Wy hawwe al in hiel libben efter ùs."

"Ik woe it dy allang sizze." seit er; "Mar it kaam der net fan."

Dizze leafdesbetsjûging komt ûnferwachts, ik bin in bytsje fan`t stik. No `t wy âlder wurde hawwe mekoar mear nedich. Soe dat it wêze? As komt it troch de Krystdagen? Dan wurdt in minske somstiden wat sentiminteel.

"Ach jonge," sis ik; "it is goed it hat altyd goed west. Wolst efkes helpe mei dat ferhipte ding ? Hy is noch ferstoppe."

Ik bin ynienen ferkâlden. Hoe kin dat no? As ik dy net hie ...

Feilich fiele

troch Posted on 1 Comment 0 min read 812 views

light-at-the-end-of-the-tunnel-woman-dance

De telefoan giet, in manne stim seit; "Mem is ferstoan. Se hat in hertoanfal hân."

"Dat kin net." sis ik; "Se wie de sûnste fan de hele famylje."

"En dochs is it sa." seit er mei brutsen lûd.

Ik bin op `e stoel del sakke.
Se wie fjouwer jier âlder as ik. Se moast eartiids fan ùs mem altyd op my passe. En dat die se mei grutte passy en serieusens .

Gongen we mei in ploechje famkes nei Texel, dan moast ik neist har yn de bus sitte. En foaral net te ticht by sè komme. Doe wy lyts wiene leine wy neist elkoar yn ien ledikant.

It wie oarlogstiid en sa hoechde ik net bang te wêzen sy wie der altyd.

Sa woe ik graach in poppe hawwe mar dy wiene net te krijen. Dan mocht ik har earm brûke, dy klaaide ik dan oan dat wie dan myn boarterspoppe. Letter gong se mei my as ik op sollisitaasje moast.

Doe wy âlder waarden gie elk syn gong. Mar as ik earne mei siet kaam ik by har om riet en nea kaam ik foar de tichte doar.

Yn tinzen pak ik har earm en klaai `m oan, ik fiel my feilich sa as eartiids doe wy tegearre yn dat grutte ledikant leinen.

Feilich fiele.

Beakens

troch Posted on 0 Comments 1 min read 837 views

buoyWat soe ik sûnder myn soannen moatte? Ik bin net de allerjongste mear. De tiid hat my al aardich yn helle. Foaral de technyk ha ik de hannen fol oan. Dochs wol ik lyk opgean mei de jeugd want ik bin net unnoazel, fyn ik sels.

De iene soan is foar de technyk en de oare foar de putsjes. Hy hat twa gouden hannen.

"Mem," seit de technyske soan; "ik sil de staveringshifker op mem har kompjûter sette."

"Hoe dochst dat dan?" freegje ik want dat moat ik witte fansels. "Ik nim de kompjoeter op ôfstân oer." seit er. En sa sjoch ik letter hoe myn mûs selsstannich syn paad siket op it skerm.

"Ik wol graach in reitensket hawwe," sis ik tsjin de handige soan; "it âlde is tenein en tige suterich."

Nei wat oantrunen fan myn kant sit it reidsket er op. Fol bewûndering stean ik nei it resultaat te sjen. "Ast in naaikarweike hast komst mar." sis ik tankber.

Wat soe ik sûnder myn soannen moatte? (en de Fryske staveringshifker fansels 😉 )

It binne de beakens yn myn deistich bestean.

Beakens...
photo_2015-12-11_10-51-12-bewerkt

Skûtelwaskje

troch Posted on 0 Comments 1 min read 889 views

AfwasDer stean ik wer foar it oanrjocht te griemen. Wat ha ik dochs in glandige hekel oan skûtelwaskjen.

Pantsje foar pantsje. Kopke foar kopke. Fan de iene hân nei de oare. En dan it gegriem mei teeleppeltsjes, ien foar ien ofdroegje.

Dochs is it wol nijsgjirrich betink ik my. Se komme oeral wei, troch ùs mem meinaam as se in busreiske hie.

Safolle kaam se de doar net ùt. Mar in reiske mei de frouljusferieniging as mei De Bond liet se net sjitte, Dan siet se neist de bussjaufeur foar oan.

En om wat foar ùs  mei te nimmen kaam er jûns in leppeltsje ùt de tas, moai ferpakke yn sêft wyt papier.

Se kamen oeral wei; Staphorst, Epe, Urk ... De fierste wie in rûnfeartboat ùt Amsterdam. Der rekke se nea oer ùtpraat. Fierder hat se yn har libben net west.

Skûtelwaskje, it hat syn foar en syn tsjin.

"Komsto efkes?" ropt myn man; "De monteur is er foar de waskmasine."

Loslitte

troch Posted on 0 Comments 0 min read 764 views

paragliding-o"Goeie." seit er; "Oant oer twa wike." En fuort is hy, swier bepakke, mei tweintich kilo guod op de rech.

"Silst net te heech fleane!" rop ik noch mar it antwurd ferwaaid om ùs hinne. Hy sil nei India mei in grutte ynternasjonale Paraglidersgroep.

Jûns krije wy berjocht; "Ik bin op Londen Airport, moat in oere wachtsje en dan oerstappe nei New Delhi."

"Ik fertrouw dat lân net." seit myn man. "Werom net?" freegje ik; "It is in prachtich lân."

En sa giet it petear tusken ùs beide in skoft troch. Wy hawwe beide muoite mei loslitten mar wol it fan elkoar net witte.

"Der is in fleantùch delhelle yn de woestijn fan de Sinai." seit er; "Soene dy lju ek aktyf wêze yn India?"

"Geweldich, mem! It is hjirre super! It is san moai lân!" seit de e-mail.

"Moai jonge." sis ik; "Slach dyn flerken mar ùt. Wy folgje dy."

Loslitte. Jildt dat net foar it hiele libben?

12208666_934447416630537_3771937378028259902_n

Tiden hawwe tiden

troch Posted on 16 Comments 1 min read 1856 views

Region-CaptureÙt neat ûntstien en no binne we san 600 hûndert stikjes fierder. Jimme sille wol sizze; "Wat soe dat betsjutte... 'ùt neat ûntstien?'"

Dat sit sa. In jier as wat allyn siet ik bot yn de lytse loege. Troch ferlies fan in dierbre en dan noch de pols brêkke, dat wie wat tefolle foar dit minske.

"Us memmeminske moat in webside hawwe." sei de soan.

Ik smiet it yn earste ynstânsje fier fan my ôf. Wa soe op myn oprispingen sitte te wachtsjen?

It soe oer gewoane deistige avontoerkes gean, naam ik my foar. Literêr alhielendal net fan bestsjutting. "Set er mar yn wat mem kwyt wol. It makket neat ùt wat." sei er noch.

Stadich oan, om dy jonge net ôf te fallen, kamen de earste stikjes. En dat binne er hiel wat wurden. Meastal gongen se oer gewoane minsken dy ik moete yn myn deistich bestean.

Ek koe ik der myn gefoelens en emoasjes yn kwyt, somstiden mei in laits en in trien.

Tanke wol soan foar dyn help en stimulearjen!

Tiden hawwe tiden...

Hoe fier giet myn Frysk ?

troch Posted on 0 Comments 1 min read 1336 views

keep-calm-and-praat-mar-frysk-1"Kom  fierder." sis ik tsjin de man dy `t by de doar stiet. It is de elektrisien; hy komt foar in pear stikkene stopkontakten.

Okkerdeis  ha ik de hierbaas troch in  e-mail witte litten as sy dat reparearje koene. "Ik kon uw mail niet lezen dus ik weet niet waar het over gaat." seit er. Hy blykt in Stellingwerver te wêzen.

Ferline wike moast ik myn soarchfersekerder hawwe. It frommeske koe my net ferstean. Ik sei; "Sykje mar ien dy dat wol kin." Nei in skoft krij ik in jongfeint oan `e line. Yn geef Frysk koene wy mei-inoar oerlizze wat de reden fan myn skiljen wie.

Efkes mei myn terapeut skilje mar de man is Hollanner en ferstiet my net. Ik skeakelje oer fansels, wol foar de rjochte kwaal behannele wurde.

Hoe fier giet myn Frysk in gewisse fraach. Dat freegje ik my somstiden ôf. Dochs heard de Fryske taal by myn libben sa as laitsjen en gûlen, lokkich as ungelokkich.

De elektrisien stiet noch yn `e doar. "Kom fierder." sis ik; "Krigest earst kofje." Al gau ha wy in goed petear oer talen; hy yn it Stellingwerfs en ik yn it Frysk. Sa kin it dochs ek?

Hoe fier giet myn Frysk? Hoe fier giet jo Frysk?

Ylùzje

troch Posted on 1 Comment 1 min read 864 views

Naamloos-1Ùt de fierte stiet hy al te weauwen en ik swaai ùtbundich werom. In neef fan myn manskant komt sa no en dan es oer. En dan ha wy altyd in tige slagge dei en fine dan ek fan alles ùt.

Sa as nei it Frysk Museum en it âlde diel fan de stêd Ljouwert besjen. Dea wurrich falle wy dan op in terras del en mei in bak kofje beprate wat wy sa al sjoen hawwe.

Juster ha wy in stikje Tsjerkepaad dien.

Earst nei de kapel yn Haskerdiken. Aebele Trijsburg eksposeare dêr, in noch jonge keunstner. Hy neamd it sels Mimetische Keunst.

Hy seit er sels fan; "De ylùzje is it belangrykste. We werkenne de ôfbieldingen en tinke wat it foarstelle moat. Mar sjogge nèt dat it oars is wat  wy tinke."

Lokkich hie ik ùs neef mei, mei keunst moast net by my wêze ...

Dernei nei de Meniste Tsjerke op It Fean dy krekt allyn klear kaam is nei in grûnige restauraasje. Ek der hiene se in tentoanstelling fan skilderijen en foto`s makke troch eigen leden. Mei leafde en soarch gearstald. Gastfrij waarden wy ûnthelle mei kofje en ùtlis oer gebouwen  en restauraasje.

Ik wiuw him nei oant de trein ùt it sicht is.

Ylùzje?

Nè. Dizze freonskip is écht ...