Heechwetter

troch Posted on 2 Comments 1 min read 193 views

woefIt is trije oere yn ‘e nacht. Wa giet nò nei bûten ta?

Ùs Max wurd in âld mantsje en kriget alderdomsferskynsels. Ik gean der al op lizzen. By it earste lûd stean ik by de achterdoor. Want skjin op him sels is hy altyd west.

Somtiden, tink  ik wol es, dat hy net allinne in swakke  blaas hat mar it in gewoante wurden is. Hy wòl `s nachts ùt litten wurde. It slimste is; hy hat alle tiid.

Troch in skreef fan it gerdyn sjoch ik in witiche skym troch de tùn fleanen. Fan achteren nei foaren, fan lofts nei rjochts. ‘Wer soe hy achteroan sitte?‘ freegje ik my ôf. Is it in stikelbaarch as de kat fan de buorren? It kin ek wèze dat it ôfpraat is mei in wyfke ùt de omjouwing, fansels.

Ik moat er mar hinne.

En sa stean ik eefkes letter yn te grutte toffels, yn in fremd jak, de pompeblêddenmûtse op, yn de snie. Bliid springt er my temjitte. Mei in plof giet er op syn kessen lizzen en is yn dreamenlân.

Ferklomme en klearwekker liz ik noch oeren te meallen …

  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  

Jou in reaksje:

  Abonnearje  
Nijste Âldste
Notify of
Appelvrouw
Guest

‘t was gewoon een stikelbaarch hoor.

wokkesplak
Guest

Lastig in de nachtelijke uurtjes voor een vrijpartij ,met al die stekels…

Previous
Akademy

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien