Hûnefleis

woef“Wat ite wy hjoed?” freget er. Wit ik noch nèt.” sis ik.

Dy man hat it altyd oer iten‘ tink ik by mysels. Ik moat net oan iten tinke op it stuit. Ik hearde op it nijs dat yn ùs gehaktbaltsjes en hamburgers hûnefleis ferwurke wurd. De kadavers wurde yn Spanje troch in bedriuw fermealle en dan eksportearje under oaren nei ùs lân.

It iene skandaal nei it oare komt op tafel. De plofhin is wat mei mar ek it kowefleis blykt hynsterfleis te wêzen. We moatte mar wer de doarpsslachter hawwe. Foar sa fier wy wisten wie dat earlik fleis. Sels de needslachter slachte bisten dy wat mankearren mar gjin syktes hiene.

Mar dy manlju fan my wolle by it waarme miel in stikje fleis ha. In fremde wisânsje, fine jimme nèt?  

Wy ite riis mei goulash. It smakket hearlik fine se en sa goed krûde. De panne giet skjin leech.

“Ik bin de hûn kwyt.” seit de buorfrou; “Ha jimme him sjoen?” 

2 Comments on “Hûnefleis

  1. Yn Vietnam is it hiel gewoan,hunefleis en joden en moslims moast ek net oer bargefleis begjinne.
    ”s lands wijs ”s lands eer en miskien is fegetarisk ek wol in optie,
    mar in stikje fleis of in gehaktboltsje is wol ferrekte lekker!!
    Nim mar in fiskje………
     

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien