Âlderdom

aldmanDèr lizze se beide. Myn man underùt yn syn stoel en Max, de hûn, ek underùt yn de stoel.

En ik skarrelje der wat tuskentroch. Ik bin oan it stofsûgerjen en til de fuotten fan de man ien foar ien omheech. Hy feroaret him er net om en giet gewoan troch mei snoarkjen.

Ik til Max syn poaten omheech. Ien each docht hy healve iepen en giet dan wer fierder wer`t er bleun is. De man rint tsjin de tachtich en Max is omrekkene 112 jier yn hûneâldens.

It wurd in âld spul om my hinne. Ik moat leare om der mei om te gean. Beide wurde hja dôf en it sicht wurd fan beide der ek net better op.

Mar it hat ek sa syn foardielen. De hûn lit neat mear fan him heare by alle bewegings bûtenshûs. Myn man heard en sjocht net alles mear wer`t hy him eartiids oan steure soe. Âlderdom hat sa syn foardielen. Jo moatte allinnich besykje der mei om tegean.

Moai dat jimme der noch binne.” sis ik en streakje beide oer de holle.

Diele mei:

2 Comments on “Âlderdom

  1. Pingback: Alderdom | ensafh

  2. Pingback: Hûnesoargen | Tiden hawwe Tiden

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien