Dieredei

It sil jimme net ontgong wêze dat it juster Dieredei wie. Troch de media is er in soart oandacht oan bestege. Ôfgryselike bylden krigen wy fan de Dierenbescherming te sjen. Ferwaarloosde en mishândelde bisten. Ik wit net hoe as it jimme fergiet mar ik kin it net oan sjen.

Salang as wy trouwd binne ha wy bisten hân. Kninen, hinnen en goudfisken. Ek wiene der altiid katten. Mar hûnen wie favoriet. 

Ùs twa earste hûnen wiene Belgyske herders. Mei in grutte stambeam mar beide bisten wiene falsk troch ynteeld. Allegearre rûnen wy mei grutte hechtingen rûn.

Dernei kamen er Cockers Spaniels en do Jelle, in Welsh Springer. Hy kaam fan in skûtsje en wist earst net mei al dy romte om te gean. It wie de leafste dy wy ea hân ha. Troch in hertstilstân waard hy mar fjouwer jier.

Dernei kamen er Jack Russels, de iene wie troch in skieding oer en tefolle en de oare rûn hieltiid fuort. Dy beide jonges ha wy trettsjin en fjirtsjen jier hawwe mocht. Max, dy nò noch by ùs is, wie noch gjin jier âld en hie al fjouwer adressen hân. Geregeld naam ik se mei nei in hûs foar demente âlden. Wûnderbaarlik hoe dy minsken opfleurden.

De leafde tusken bist en minske jout in ekstra deminsje oan ùs libben, tinke jimme nèt?

Diele mei:

2 Comments on “Dieredei

  1. Dieren zijn veel intinctiever dan wij beseffen.
    Ik denk aan mijn jeugd op de boerderij, dankzij de beesten heb ik die tijd daar goed doorstaan, ik was dol op alle beesten, koeien, varkens, kalveren, katten, maar niet op de honden want die werden vals gemaakt door mijn vader. Met paarden daar had ik ook niet zo’n beste ervaring. Je gooiden me er af.
    maar ik reed wel op varkens toen ze nog buiten liepen, prachtig! Mijn broertje durfde helemaal niets en stond altijd aan de zijlijn toe te kijken. Mijn zussen en hij hadden helemaal niets met de dieren. Maar voor mij waren ze een uitkomst.
    k heb nu geen beesten, op wat zilvervisjes na en daar heb ik geen goede band mee.
     
     
     

    • Myn ûnderfining is dat jo je fertriet en blidens oan hun kwyt kinne. En min kin se alles fertelle it giet nèt fjirder.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien