Op stân

Wit jo ek wer `t ik  weze moat?” Oant trije kear ta moat ik freegje nei it nûmer en de strjitte.

Ik bin yn de nijbou fan myn wenplak. It is jûn en tsjuster. Gjin mins op ‘e dyk. Ik ha in gearkomste by lju wer`t ik net earder west bin.

Nei lang siikjen helpt in man my fjirder. De yngong sit fremd yn elkoar. Jo moatte ûnder in soart oerkaping troch. Oerâl hingje kamera`s sjoch ik yn è gauwicheid.

Kjel bliuw ik stean. Ik hear in stim dy ropt; “Kom mar fierder, hear! “

De gearsit is al begong. Lokkich wurd ik nei ôfrin thusbrocht; ik hie myn eigen hûs nèt werom fine kint. Bliid bin ik mei ùs wente, gjin parkearswirricheid. En de namme stiet mei swieriche letters op ‘e gevel. It tùnhekje altiid iepen foar de geande en kommende man.

En kamera`s? Dy ha wy nèt nedich. Wy hawwe Max dochs?

Diele mei:

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien